Deputearre Poepjes wol lessen Frysk dochs ferbetterje

desimber 2, 2017 21:56

Sietske Poepjes

It ûnderwiis yn it Frysk moat fersterke wurde. Deputearre Sietske Poepjes wol dêr ôfspraken oer meitsje mei it Ryk yn it ramt fan it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dat akkoart rint takomme jier ôf en moat sadwaande fernijd wurde. Poepjes wol dat de ynspeksje mear nei it fak Frysk sjocht en dêr ôfspraken oer makket. Se wol ek omtinken foar de oplieding fan ûnderwizers en dosinten Frysk.

Poepjes die dy útspraak net yn Fryslân, mar yn it Italiaanske Udine. Poepjes spruts dêr op in konferinsje oer minderheidstalen, organisearre troch de regio Friuli-Venezia Giulia. En dêr spruts Poepjes net as deputearre fan Fryslân, mar as presidint fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD). De taspraak yn de haadstêd fan Friuli wie tagelyk ek har earste optreden as NPLD-foarsitter.

Yn Italië sei Poepjes ek dat se net sa wiis is mei it wurd ‘minderheidstaal’ of ‘minority language’, dat faak brûkt wurdt foar talen as it Frysk, it Welsk of it Friulysk. “Dêr sit wat minderweardichs oan dat wurd, krekt as hoege je dêr net je bêst foar te dwaan.” In echt alternatyf foar it wurd minderheidstaal hat Poepjes noch net; de NPLD-foarsitter wol dêr de kommende wiken oer neitinke.

Poepjes hat noch mear ferplichtings yn Udine. Letter op de sneon sil se dêr it minderhedefestival SUNS Europe offisjeel iepenje. Dat festival presintearret muzyk, film en literatuer yn minderheidstalen en wurdt dit jier foar de tredde kear organisearre. Oan it festival dogge dit jier gjin Fryske artysten mei, mar wol in sjongeres út Drinte. De 17-jierrige Isa Zwart, de winneres fan it Drèents Liedtiesfestival, is yn Udine as fertsjintwurdichster fan it Nedersaksysk.

Tekst: Omrop Fryslân

desimber 2, 2017 21:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*