De tsien populêrste nijsartikels fan 2017

desimber 29, 2017 18:14

It jier is noch net hielendal om en der kin fansels noch wat feroarje, mar wy weagje it derop dat der sneon en snein gjin alderbalderstpopulêre stikken mear op It Nijs ferskine. Mei in lyts foarbehâld folget hjirûnder de top tsien fan de populêrste artikels fan 2017. Opfallend dêrby is dat de stikken dy’t jierrenlang yn de toplistjes ferskynden dêr no net mear yn steane, omdat se ynhelle binne troch stikken mei mear lêzers.

It Nijs hat yn 2017 likernôch 3200 artikels publisearre. It wie wer in breed ferskaat fan oersettings út oare media, eigen stikken fan de redaksje of frijwilligers, bydragen fan fêste of tydlike kollumnisten, stikken fan de Ried fan de Fryske Beweging en noch folle mear. Lykas altyd wiene stikken oer taal populêr. Benammen de publykskolleezjes fan Fryske gelearden wiene in sukses. Opfallend is dat erotyk, oars ek in grutte publykslûker, yn 2017 net ta de populêrste ûnderwerpen heart.

De top tsien, fan ûnderen nei boppen:

10. Wêrom sizze wy faak net wat wy bedoele?
Op plak tsien stiet in fideokolleezje oer it fieren fan petearen. It kolleezje wurdt jûn troch José Bruining fan hegeskoalle NHL yn Ljouwert. It makket diel út fan de searje Academia Franekerensis dy’t Henk Wolf foar It Nijs makke hat. (datum: 18 jannewaris 2017)

9. Is it Frysk âlder as it Nederlânsk?
It njoggende plak is ek foar in kolleezje út de rige Academia Franekerensis. Henk Wolf jout yn in fideo antwurd op in fraach dy’t yn Fryslân faak steld wurdt. It antwurd sil guon miskien ferwûnderje. (datum: 15 febrewaris 2017)

8. In goed fersteander yn Brabân
Op it achtste plak stiet in kollum fan Willem Riemersma, dy’t fertelt oer in noflike ûnderfining mei in meiwurkster fan in bank yn Brabân dy’t it Frysk prima ferstean koe. (datum: 17 april 2017)

7. Wêrom is ‘wiif’ it ferskriklikste Fryske wurd?
De kolleezjes fan de Academia Franekerensis dogge it poerbêst. Plak sân is ek wer foar in kolleezje út dy rige. It wurdt jûn troch Henk Wolf, dy’t fertelt hoe’t it kin dat it wurd wiif yn in ferkiezing fan de Afûk keazen is as ‘ferskriklikste Fryske wurd’. (datum: 1 febrewaris 2017).

6. Bylden fan Remon Bruinsma en groepke online
It nijs oer de fermissing fan Remon Bruinsma fan de Westereen hat in soad minsken oangrypt. Alle artikels oer him binne faak lêzen. Dat jildt ek foar dit artikel, dêr’t yn meld wurdt dat der in filmke online stiet dêr’t Bruinsma krekt foar syn ferdwinen op te sjen is. Bruinsma is noch hieltiten net werom, dus wa’t ynformaasje oer him hat, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje. (datum: 15 desimber 2017)

Foto: Wikipedy

5. Taalsinjaal
Dan komme wy by de top fiif. Dy wurdt oanfierd troch dizze kollum fan Hindrik van der Meer. Hy freget elkenien om minsken yn Fryslân yn it Frysk te begroetsjen, sadat de oar wit dat er Frysk weromprate kin. (datum: 29 augustus 2017)

4. Hoe sit it mei de Fryske oansprekfoarmen?
It fjirde plak is wer foar in fideokolleezje út de rige Academia Franekerensis. It kolleezje giet oer de wizen hoe’t Friezen inoarren oansprekke. Der binne mear foarmen as allinne mar do en jo, sa fertelt Gerbrich de Jong fan hegeskoalle NHL. (datum: 25 jannewaris 2017)

3. Famylje fermiste Remon Bruinsma docht oprop
In twadde artikel oer de fermiste Remon Bruinsma hat de top tsien helle. It is mear as 1400 kear lêzen. (datum: 4 desimber 2017)

2. Frysktalige Wikipedia en autisme!
Under dit stik fan Cor Jousma steane mar leafst njoggentich reaksjes fan lêzers. Jousma is meiwurker fan ynternetensyklopedy Wikipedia. Hy krige spul mei in oare meiwurker en beskriuwt hoe’t er dêrnei net mear meiwurkje mocht. Mear as 1500 kear is it stik troch lêzers oproppen. (datum: 18 febrewaris 2017)

1. Omrop straft ‘krityske’ Geartsje de Vries, Willem de Vries en Gurbe Douwstra
De minsken yn Fryslân lêze op It Nijs graach oer skeel, sa skynt. De plakken ien en twa yn de top tsien geane beide oer rúzjes. It populêrste artikel giet oer in strafmaatregel fan Omrop Fryslân tsjin trije sjoernalisten dy’t har kritysk útsprutsen hawwe oer it muzykbelied fan de Omrop. It stik is mear as 2700 kear lêzen. (datum: 4 maart 2017)

desimber 29, 2017 18:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.