‘Besiele skilderje’ yn gemeentehûs Achtkarspelen

desimber 28, 2017 09:57

Skilderij fan Rita Bakhuijsen

Om’t se mei hert en siel wurket, krigen de solo-eksposysjes fan Rita Bakhuijsen út Warfstermûne de titel Bezield schilderen. Fan tongersdei 18 jannewaris o/m freed 6 april 2018 is har wurk te sjen yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.

Rita Bakhuijsen waard yn 1950 berne yn Amsterdam en wennet sûnt in pear jier yn Warfstermûne. Hja folge in jier keunstoplieding oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunst yn De Haach en de fiifjierrige fakoplieding oan de Keunstakademy fan Leien/Haarlim. Hja hat har spesjalisearre yn skilderjen nei de werklikheid en makket figurative skilderijen yn oaljeferve. Dêryn lit se yn wikseljende gearstallingen ûnderwerpen sjen lykas portretten, stedsgesichten, bisten en lânskippen.

In weromkommend tema is iensumheid. Foar de skilderesse leit de grutste útdaging yn it (sels-(portret om’t (lykas se sels seit) “gesichten misliedend binne”. Neist frij wurk makket se ek wurk yn opdracht. Rita Bakhuijsen is gjin ûnbekende yn de keunstwrâld: hja eksposearret geregeld en hat in tal nominaasjes yn keunstboeken. Mear ynformaasje oer de keunstneresse is te finen op har webside: www.ritazza.exto.nl.

De eksposysje is iepenbier en te besjen yn de reguliere iepeningstiden fan it gemeentehûs fan moandei o/m freed fan 09.00-12.00 en 13.00-16.00 oere. Besykadres: Stasjonsstrjitte 18, 9285 NH Bûtenpost. De organisaasje fan de eksposysjes is yn hannen fan de Stichting Keunstkrite Twizel, info@keunstkrite.nl. Mear ynformaasje stiet op www.achtkarspelen.nl en www.keunstkrite.nl.

desimber 28, 2017 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.