Antyswartepytaktivisten “werkloze idioten”

desimber 1, 2017 18:41

De minsken dy’t tsjin Swarte Pyt demonstrearje binne “werkloze idioten”. Dat seit trendwatcher Adjiedj Bakas. Bakas is Surinamer en wennet yn Nederlân. Neffens him hawwe fierwei de measte Surinamers en Antillianen gjin probleem mei Swarte Pyt en komt de figuer yn Suriname en op ‘e Antillen ek gewoan foar as helper fan Sinteklaas. Hy warskôget foar it ûntstean fan in ‘verzetscultuur’, as de media trochgeane mei omtinken te jaan oan de antyswartepytaksjes.

Bakas die syn útspraken yn it televyzjeprogramma Goedemorgen Nederland. Klik hjir om it te besjen.

Yn syn programma Zondag met Lubach naam Arjen Lubach ferline wike it tsjinoerstelde stânpunt yn. Klik hjir om dat programma te besjen.

Yn Dokkum wurdt sneon in demonstraasje tsjin Swarte Pyt hâlden. De aksjegroep Afwezigheid Actie In Dokkum hat in oprop dien om dy te skouderjen.

desimber 1, 2017 18:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.