Amerikaansk fleantúch makket tuskenlâning om stikkene húskes

desimber 6, 2017 09:50

Foto: pixabay.com

In tastel fan Delta Airlines hat yn de Feriene Steaten in tuskenlâning makke om’t alle húskes yn it tastel defekt wiene. Passazjiers koene it hast net mear ophâlde. It tastel wie ôfrûne wykein ûnderweis fan New York nei Seattle, in flecht fan de east- nei de westkant fan de Feriene Steaten, dy’t normaal sa’n seis oere duorret.

Neffens lokale media fleach de Boeing 757 hûnderten kilometers om foar de sanitêre stop yn Billings, yn de steat Montana. Nei de lâning wie der noch in probleem, want der wie gjin gate beskikber. Neffens Delta is it tastel om dy reden nei in part fan it fleanfjild gien dat normaal inkeld foar frachttastellen beskikber is, sadat de passazjiers nei it húske koene. De flecht kaam úteinlik 3,5 oere letter as plend yn Seattle oan.

desimber 6, 2017 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*