Alderwetsk gesellige Toanieljûn Blauhús

desimber 7, 2017 15:54

Sneon 16 desimber sil der yn kafee De Freonskip fan Blauhús wer in âlderwetsk gesellige toanieljûn wêze. Dan wurdt yn de nije seal fan it kafee it suksesfolle stik Kredyt opfierd.

Knilles giet de wrâld yn, hy moetet de Twintske Hettie. Dy skriuwt in boek oer in Fryske artyst. Politikus Peke van der Klamp nimt alfêst wat kredyt op de demokrasy. Jabke, it fleksibel postkantoar, sortearret de post yn it kafee. Wa’t net bestiet hoecht ek gjin post te krijen. Safolle minsken, safolle ferhalen. Yn Kredyt komme se byinoar.

Kredyt is de opfolger fan Katarsis, Kredo en Krimp. Allegear skreaun troch Gerrit Breteler en spile troch Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma.

De foarstelling begjint om 20.30 oere.

desimber 7, 2017 15:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*