Advys ynformateur Súdwest-Fryslân: koälysje CDA, PvdA, VVD en GrienLinks

desimber 7, 2017 15:42

Ynformateur Sander de Rouwe stelt de politike partijen yn Súdwest-Fryslân út om in kolleezje gear te stallen mei CDA, PvdA, VVD en GrienLinks. Fierder advisearret er om in kolleezje mei fiif wethâlders gear te stallen. It CDA leveret dan twa, de trije oare partijen elk ien wethâlder.

De Rouwe, sûnt maaie 2015 út namme fan it CDA deputearre fan de provinsje Fryslân, prate ferline wike mei alle njoggen fraksjes dy’t fan 2018 ôf fertsjintwurdige binne yn de nije gemeenteried fan Súdwest-Fryslân. Woansdei makke er syn befiningen bekend.

De no útstelde koälysje kin rekkenje op 24 fan de 37 sitten yn de gemeenteried. Dat is itselde tal as yn it kolleezje fan no, dat ek út fjouwer partijen bestiet.

Wa’t foar CDA, PvdA, VVD en GrienLinks de wethâlders wurde is noch ûnderwerp fan besprek tusken de fjouwer partijen. De portefúljeferdieling moat noch fêststeld wurde.

De Rouwe hat syn advys oanbean oan de njoggen fraksjes yn de nije gemeenteried. Dy besprate dat tongersdeitejûn 7 desimber. Dy gearkomste, dy’t iepenbier is, begjint om 20.00 oere.

desimber 7, 2017 15:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*