Yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum

novimber 18, 2017 08:28

Foto: Wikipedia/Gaby Kooiman

Sneon is de lanlike yntocht fan Sinteklaas en syn Piten yn Dokkum. Hy komt om likernôch 12.00 oere oan yn de Dokkumer binnenstêd. Om 10.00 oere set it wiidweidige deiprogramma útein. Der wurde sa’n 25.000 besikers ferwachte. De stoomboat komt út de rjochting Ljouwert de stêd yn. Nei syn oankomst sil Sinteklaas om 12.30 oan wâl gean by de Dyk yn de binnenstêd. Dêrwei rint er fia de Fleismerk, Westerbolwurk, Legewei, Naustrjitte en Keningsstrjitte rjochting it poadium op ’e Merk.

Oankundige is dat sa’n 200 tsjinstanners fan Swarte Pyt, feriene yn de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet, sneon ek nei Dokkum komme om aksje te fieren. Ut in oprop op Facebook ûnder de namme Project P docht bliken dat guon Friezen fan doel binne om de bussen mei tsjinstanners op ferskate tagongswegen te behinderjen. De organisaasje rôp “elke oprjochte Fries” op om him sneontemoarn om healwei njoggenen, leafst mei Fryske flagge, te sammeljen by Surch, de McDonald’s by De Lemmer of oan it begjin fan de Sintrale As by Nyegea. Op Facebook stiet: “Wy kinne dan op ’e tiid massaal mei Fryske Flaggen de (snel)diken op om harren te fertraagjen/ferjeien sadat ús bern rêstich in moai Sintfeest fiere kinne yn Dokkum.” Alle ferfier is tastien: “Kom mei auto, frachtwein, motor, trekker en hynder en wein om de ûnrêststokers sjen te litten dat dit geouwehoer hjirre net wolkom is. Dokkum hat ús nedich!’’

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel rôp de ynwenners fan Noardeast-Fryslân woansdei mei in brief op foaral respekt te hawwen foar inoars miening. Mei de Facebook-oprop, makket aksjegroep Project P him skuldich oan opstokeljen, hat it Iepenbier Ministearje oardiele en dat is strafber. Waanders hie tongersdeitemiddei oerlis mei plysje en IM. Doe is mienskiplik besletten om it oardiel fan it IM mei te dielen oan de organisatoaren. De plysje hat dêrnei kontakt lein mei de minsken efter de Facebookside. De boargemaster is net benaud foar reboelje by de yntocht, om’t der goede ôfspraken makke binne mei de groep.

Freedtejûn binne op ferskate plakken yn de provinsje spandoeken ophongen om te protestearjen tsjin de demonstranten dy’t gjin Swarte Pyt wolle. Dat berjochtet RTV NOF. “Anti Zwarte Piet moeten wij hier niet”, stiet op de spandoeken. De doeken hingje ûnder oare by de Sintrale As by Feanwâlden en Kûkherne.

novimber 18, 2017 08:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Swarte Pyt novimber 18, 08:56

    Ut Fryslân wei dy rânestêddebilen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*