Wat in moai gehiel!

novimber 22, 2017 11:42

Kollum fan Aant Mulder

Sechstjin banieren mei sechstjin Fryske gedichten ophongen oan de lantearnepeallen bylâns de Luts yn Balk foarmje in moai gehiel. Dat dy gedichten dêr hingje hat te krijen mei it feit dat op freed 24 novimber de dichter Eeltsje Hettinga yn Balk ta de earste Dichter fan Fryslân beneamd wurdt. Deputearre Poepjes docht dat yn de meniste Gortertsjerke. Der wiene seisentritich dichters dy’t yn ’e beneaming komme woene om de kommende twa jier Dichter fan Fryslân te wêzen. Tagelyk wiene der dichters dy’t it net iens wiene mei de betingsten dêr’t oan foldien wurde moast. Der wiene ek dichters dy’t de sjuery net by steat achten en meitsje de goede kar.

Dat hie fan gefolgen dat guon dichters net meidiene en wer oaren in alternatyf betochten. Dy dichters woene ta op in kollektyf fan fjouwerentweintich, sadat alle moannen in oare dichter efkes Dichter fan Fryslân wêze soe. Der wie ek in publykssjuery. Dat wiene wy mei-inoar. Wy mochten allegearre stimme op trije gedichten, dêr’t gjin dichters by neamd waarden. Trije nominaasjes dus. Likegoed koe ien fan dy trije har net hielendal stil hâlde. Der hat dus aardich wat rebûlje west en faaks is dat der noch wol.

Hawar, freed 24 novimber is it safier. Dan wurdt Eeltsje Hettinga de earste Dichter fan Fryslân. Dat bart yn Balk. Dat kin eins ek nimmen ûntkomme, want dy sechstjin banieren meitsje wol dúdlik dat der wat te rêden is. Sechstjin banieren. Ik tocht earst, dat hawwe se aardich betocht. Sechstjin banieren, dat sil wol betsjutte dat der sechstjin dichters sollisitearre hawwe. Dat is net sa, want it wiene der ommers seisentritich. It binne ek net de dichters fan it alternative plan, want dan hiene it der fjouwerentweintich wêze moatten. Ik sil der wol te folle efter sykje. Dat wurdt ek wol dúdlik as ik sjoch nei de gedichten op de banieren.

Fan trije dichters wit ik dat se net meidiene, dat se net oan de wedstriid meidwaan woene om’t se it net iens wiene mei de gong fan saken. Fan twa fan dy trije dichters binne likegoed banieren mei gedichten opnommen. It binne de Gysbert Japikspriiswinners Abe de Vries en Jacobus Q. Smink. Guon oaren dogge grif wol mei. Dat kin hast net oars mei safolle banieren. Dat betsjut, dat Eppie Dam, de gearstaller fan dat gehiel him grif liede litten hat troch oare kritearia.

Ik betocht dat it dêrom wol in trochsneed wêze soe fan de dichters fan hjoed-de-dei. Doe’t ik lykwols de gedichten fan Ella Wassenaar en Harmen Wind op de banieren lies, dichters dy’t yn 1979 resp. 2010 ferstoarn binne, haw ik dy gedachte ek mar wer farre litten. Ik haw noch efkes tocht oan dichters dy’t mear en minder dichte hawwe, mar der binne dichters by dy’t wol tsien of mear bondels op har namme stean hawwe. Ik tink oan Jacobus Q. Smink, oan Harmen Wind, oan Willem Abma en oan Eppie Dam sels. Oan ’e oare kant binne der dichters dy’t noch mar ien bondeltsje publisearre hawwe. Dat binne bygelyks Sipke de Schiffart en Marije Roorda. Underwilens falt op dat der ek in pear dichters tusken hingje dy’t wat mei Balk en Gasterlân hawwe. Ik neam Ella Wassenaar, dy’t fan Sondel komt mar dy’t we faaks better kenne as Ypk van der Fear of as Lipkje Post-Beuckens en Jacobus Smink dy’t ek fan Sondel komt en Eppie Dam dy’t lang yn Balk wenne en tsjintwurdich yn Sleat.

Ik rin, sykje en lês noch hieltyd om in antwurd op myn fraach te finen. It wurdt my stadichoan dúdlik dat it, mei in inkelde útsûndering, giet om hjoeddeiske dichters dy’t gedichten skriuwe dêr’t oer neitocht wurde kin, omdat de ûnderwerpen ús reitsje. Tagelyk haw ik it gefoel dat ferbining socht is mei it sintrum fan Balk, de Luts mei de linebeammen, de strjitten mei de huzen en ek mei de minsken en beroppen yn dy strjitten oan wjerskanten fan de Luts. It wol my net oan dat sinnen as:

De beam
hy is my frjemd fertroud

gjin weet hie ’k
hoe te fiemjen
ús farwetter

by gebrek oan better
gean ik mar te kanofarren,

dat dy allinne mar tafal binne. Dat wol my hielendal net mear oan as ik by it Breahûs, de tsjerke yn de Van Swinderenstrjitte lês:

Dei yn, dei út naam er it Wurd.
ús heit. Ynmoedich mar kalm
joech er syn amme oan in Psalm
(fan Harmen Wind).

By de roomske tsjerke, dêr’t eartiids ek de roomske skoalle stie, lês ik:

bûn bliuwe doarp en laach
yn skoalle en tsjerkemuorre
(fan Willem Abma)

It gedicht foar de Urker fiskwinkel giet oer fiskjen (fan Jacobus Q. Smink). Dat makket ek, dat ik net mear oan tafal leau. En oangeande it gedicht fan Eppie Dam ‘Lêste wurden fan in blomskikker’ foar de eardere blommewinkel fan de ferline jier ferstoarne Johan Huisman haw ik folslein gjin twivel mear. Dat gedicht begjint sa:

Ik snij in roas foar Johan
yn kleuren fan it hert

ik ha in faas fol tinzen
ûnsichtber op ’e tafel set

De banieren mei gedichten binne te moai om fuort te smiten. Nee, dy moatte as ien gehiel bewarre bliuwe. De gedichten fertsjinje in boekje, dêr’t tagelyk de kar fan de gedichten yn ferantwurde wurde kin. De foarmjouwing soe ’k like moai hawwe wolle as it gehiel fan de banieren bylâns de Luts. Faaks soe yn sa’n boekje ek wol wat romte makke wurde kinne foar de ferkiezing fan de earste Dichter fan Fryslân en alles wat dêrmei te krijen hân hat. Dat is nijsgjirrich genôch. En wa kinne dat yn opdracht fan de ‘Kunstkring Gaasterland’ better dwaan as Eppie Dam en Ankemarije Dam! It soe wer in moaie stapstien wêze yn de rûte nei Balk as dichtersdoarp, Balk as keunstnersdoarp. Ik beslút mei it gedicht fan Reinder van der Leest:

Dêr stean ik
mei myn beide lofterhannen
en sjoch ta
hoe’t de mitselders de muorren sette
it timmerfolk de spanten slacht
de dekkers de pannen lizze
en hoe’t it mei-inoar in hûs wurdt
hoe moat ik sokke lju bewize
dat ik fan wurden
wol in wrâld bouwe kin

 

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 18 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

novimber 22, 2017 11:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*