Wat echt gefaarlik is yn Nederlân en wat mar sa liket

novimber 30, 2017 15:03

De kâns om troch in oanslach om te kommen is net sa grut, salang’t jo yn Nederlân bliuwe. Sterker noch: de kâns dat jo beswike oan in bijestek is grutter. Dat docht bliken út ûndersyk fan sjoernalist Henk Leenaerts. Hy brocht de feiligens fan Nederlân en de wrâld letterlik yn kaart – dy is nei te slaan yn de Bosatlas van de veiligheid.

De feiligens yn Nederlân wurdt allinne mar grutter en grutter. Der komme minder minsken om yn it ferkear, der wurdt minder moarde, it wetter is amper in gefaar. It grutste risiko foar de sûnens is hjoed de dei nochal húslik: falle. Fynstof en strieling hearre ek by de grutte gefaren. It ynazemjen fan reek fan smokers is grut, folle grutter as it tal moardslachtoffers. Gryp makket mear slachtoffers as fleantúchûngemakken.

Wat makket ús bang?

In soad minsken kinne der mei de holle net by dat Nederlân sa feilich is en dat de grutste risiko’s yn de hús-tún-en-keukensfear lizze. Kliberpsycholooch Jaap van Ginneken lei oan sjoernalisten fan ‘e NOS út hoe’t dat moolk is. Hy seit dat dramatyske foarfallen lykas ûntploffings lang yn it brein hingjen bliuwe en in soad eangst feroarsaakje. Televyzjereportaazjes oer in oanslach of in fleantúchûngemak bliuwe ús lang by en se meitsje ús benaud dat ús wat soartgelikens oerkomt. Gewoane deistige hannelingen, lykas yn ‘e auto stappe, tinke wy net oer nei. “Terwijl autorijden levensgevaarlijk is”, seit Van Ginneken. Hy wiist derop dat terreurgroepen wiis binne mei alle omtinken dy’t de media oan oanslaggen jouwe, mei’t der sa ûnnedige eangst ûntstiet.

Ald en jong

Neffens Leenaerts kinne wy it iene risiko ek makliker akseptearje as it oare. Hy seit: “We zijn bang voor terrorisme omdat het er zo vreselijk uitziet en zo volkomen willekeurig is, maar de kans is niet zo groot. Het probleem is dat als het een keer gebeurt, het enorme onrust veroorzaakt. Als je buurman van 92 struikelt en drie weken later doodgaat, dan hoort dat een beetje bij het leven. Maar als iemand met een mitrailleur door een winkelcentrum loopt, is de angst en impact vele malen groter.” Hy wiist der ek op dat de hús-tún-en-keukengefaren foaral âlde minsken treffe, wylst terrorisme en fleantúchûngemakken minsken fan alle leeftiden út it libben weiskuorre. De maatskippij fynt de dea fan jonge minsken oer it generaal folle dramatysker as dy fan minsken dy’t likegoed gjin lang libben mear foar har hiene.

Feilige en ûnfeilige buerten

Dat minsken feiligens min ynskatte kinne, is moai te sjen oan it feilichheidsgefoel dat minsken ûnderfine yn Amsterdam. Parten fan Amsterdam-West en de Bijlmer wurde as ûnfeilich beskôge en binne dat ek, mar minsken fiele harren yn de wiken noardlik fan it IJ ek ûnfeilich, wylst dêr eins gjin reden foar is. Yn ’e Amsterdamske binnenstêd is it feilichheidsgefoel krekt grut, wylst dat yn werklikheid ien fan ‘e gefaarlikste stikken fan Amsterdam is, mei de measte kriminaliteit.

Twa persint fan ’e befolking

Sa’n twa persint fan ’e minsken yn Nederlân komt om troch saken dy’t wy as gefaren beskôgje, seit Leenaerts. Oer dy twa persint giet syn boek. 95 persint fan ’e minsken ferstjert neffens him oan in natuerlike oarsaak. Fan de fiif persint dy’t oerbliuwe, docht ien persintpunt himsels tekoart en komme twa persintpunt om troch in fal. Der bliuwt dan noch twa persint fan ’e befolking oer dy’t werklik troch geweld, ûngemakken en oare risikofaktoaren omkomme. “Heel weinig dus”, seit er. Hy wiist derop dat der yn Nederlân sa’n twahûnderttûzen minsken profesjoneel dwaande binne om dy stjergefallen foar te kommen. It giet dan ûnder oaren om plysjes, brânwachters en soldaten.

In part fan de Bosatlas van de veiligheid is online te besjen. Klik hjir.

novimber 30, 2017 15:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.