Waarpraatsje: earste froast

novimber 6, 2017 19:29

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei sil it foar it earst op offisjele waarnimmingshichte (oardel meter boppe de grûn) frieze. It wurdt in kâlde nacht mei in temperatuer om de -1 of -2 graden hinne. By de kust lâns bliuwt it boppe it friespunt. Der kin ek damp úntstean. Tiisdeitemoarn kin it ek noch dampich wêze. It wurdt oerdei net folle waarmer as 7 graden.

Fan tiisdei ôf sil it in pear dagen ritich wurde mei in tanimmende kâns op rein, mar it bliuwt oan de kâlde kant. De wyn komt de hiele wike út ferskate rjochtingen en hellet letter oan.

Jan Brinksma

 

novimber 6, 2017 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.