Waarpraatsje: buien en in soad wyn

novimber 17, 2017 15:10

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in oantal tige rêstige en skiere dagen komt der wer wat mear libben yn it waar. Op sneon en snein sille wy, krekt as freed, sa út en troch de sinne wer sjen. Der kinne oars ek buien falle, misskien wol mei wat hagel. Sels tonger is net alhiel útsletten. It wurdt beide dagen acht of njoggen graden. De matige oant krêftige wyn komt út it westen of noardwesten. It sil wat ûnlijich oanfiele.

Nei it wykein bliuwt it ritich, mar giet de temperatuer wat omheech.

Jan Brinksma

 

 

novimber 17, 2017 15:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*