VVD wol ophâlde mei subsydzje popmuzikanten

novimber 14, 2017 07:49

Foto: pixabay.com

Regearpartij VVD wol in ein meitsje oan it subsidiearjen fan Nederlânske popmuzyk. Popmuzikanten moatte yn har eigen ûnderhâld foarsjen kinne en meie gjin jild mear fan de oerheid krije. VVD-Keamerlid Arno Rutte sei yn it debat oer de kultuerbegrutting dat it weromdraaien fan de subsydzje de kommende subsydzjeperioade regele wurde moat. “Wa’t net libje kin fan syn wurk, is gewoan gjin popmuzikant.”

Opposysjepartij SP is fernuvere oer de opstelling fan de VVD, om’t fia subsidiearre poppoadia muzikanten ek de kâns krije om har te ûntwikkeljen. “Popmuzyk is mear as Kane en Kensington”, sei SP-Keamerlid Kwint. Rutte seit dat der wol sjoen wurde kin oft de ‘ynfrastruktuer’ yn ’e beneaming komt foar subsydzje. “Mar it streekrjocht en swier subsidiearjen fan popmuzyk wolle wy net mear.”

Minister Van Engelshoven sjocht neat yn it idee fan de koälysjepartij. De D66-minister fynt dat popmusisy yn guon gefallen wol deeglik subsydzje nedich ha om fernijing te bringen. “Hja hawwe stipe yn ’e rêch nedich en ik fyn it wichtich om dat te behâlden.”

By it Fonds Podiumkunsten, dat de oerheidssubsydzje útkeart oan muzikanten, binne se net bliid mei Ruttes útstel. “Dat soe echt slim wêze as je sjogge hoe hurd minsken wurkje moatte yn de popsektor”, seit wurdfierder Carlie Janszen. “De popmuzyk kin gewoan net libje fan de kommersje.”

novimber 14, 2017 07:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*