Studio INA-MATT wint Vredeman de Vriesprijs foar Foarmjouwing

novimber 13, 2017 19:51

© Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen
Vredeman de Vries Prijs 2017
Ina & Matt ( Matthijs van Cruijsen en Ina Meijer)

De studio fan Ina Meijer en Matthijs van Cruijsen wint de provinsjale ûntwerppriis mei it ûntwerp Sweet Nothing. Deputearre Michiel Schrier rikte 10 novimber de priis fan € 5.000 út. De Ynstjoeringen fan Martin Brandsma en Studio Elmo Vermijs krigen in earfolle fermelding fan de sjuery. Beide ynstjoeringen krigen dêr € 500,00 foar. 

De studio út Penjum makke in Nederlânske ynterpretaasje fan de tradisjonele Japanske teeseremoanje. It Matsura Museum yn Hirado en de Nederlânske Ambassade yn Japan joegen de opdracht ta dat ûntwerp. It ûntwerp Sweet Nothing bestiet út in rige typysk Japanske produkten. Under mear snoepkes foar de teeseremoanje, porsleinen teekommen, blomsierkeunst en in kimono.

Sjueryrapport
De sjuery kende priis ta aan INA-MATT om’t sy fierder sjogge as de eigen grinzen fan de omkriten, kultuer, identiteit en tiid. “By in hiel soad ynstjoeringen dit jier sjogge wy dat Fryske ûntwerpers de blik net nei binnen, mar krekt nei bûten rjochtsje. It ûntwerp fan INA–MATT is dêr in moai foarbyld fan”, lit it sjueryrapport witte. De sjuery bestie dit jier út Lonny van Ryswyck, Yu-Lan van Alphen, Robert-Jan Hofhuis, Arjan Boerstra en Tim Vermeulen.

Publykspriis
It ûntwerp fan Kr8werk krige de De Moanne-publykpriis. Jurjen Hofstra en Ronald Brouwer krigen de priis foar de fisuele identiteit fan Post-Plaza Hotel & Grand Café. It tydskrift De Moanne hat in spesjale útjefte makke oer de foarmjouwingspriis fan de provinsje Fryslân.

Mei de Vredeman de Vriesprijs foar Foarmjouwing wol de Provinsje in oantrún jaan oan de belangstelling foar foarmjouwing yn Fryslân. Mear ynformaasje en byldmateriaal fan de winner en de nominearren is te finen op:www.vormgevingsprijs.frl 

novimber 13, 2017 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*