Studinten kampe mei prestaasjedruk

novimber 28, 2017 11:11 Fernijd

Windesheim Hegeskoalle yn Swol (foto: Wikipedia/Nummer 12)

Mar leafst 62 persint fan de studinten ûnderfynt faak oant tige faak slimme prestaasjedruk yn it deistich libben. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder goed 1800 studinten fan Windesheim Hegeskoalle yn Swol.

Foaral froulju
Foaral froulike studinten kampe mei prestaasjedruk. 64 persint fan harren jout oan dêr faak oant tige faak lêst fan te hawwen, foar 56 persint fan de manlike studinten oer. Fierder toane de ûndersyksresultaten oan dat studinten de latte hieltyd heger lizze foar harsels en in aardich sosjaal libben as in betingst sjogge om derby te hearren.

Opbaarnd en depressyf
Neffens dosint en ûndersiker Jolien Dopmeijer sykje hieltyd mear jongelju dy’t in grutte mjitte fan prestaasjedruk ûnderfine profesjonele help. Soms fiele se har al opbaarnd of hawwe se in depresje (hân). Dopmeijer pleitet foar in lanlik ûndersyk en adekwate maatregels om it probleem oan te pakken.

novimber 28, 2017 11:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.