Spiraaltsje behoedet froulju foar limoerhalskanker

novimber 10, 2017 13:29

Froulju dy’t in spiraaltsje yn hawwe, krije folle minder faak limoerhalskanker as froulju sûnder dat hoedmiddel. Dat hat bliken dien út in ûndersyk fan de universiteit fan Súd-Kalifornië yn Los Angeles.

De ûndersikers hawwe de medyske gegevens fan tolvetûzen froulju út de hiele wrâld bestudearre. It die bliken dat de kâns om kanker yn ‘e limoerhals te krijen in tredde leger wie by froulju mei in spiraaltsje as by froulju sûnder.

Limoerhalskanker is ien fan ‘e seldsume foarmen fan kanker dêr’t in firus de dúdlike oarsaak fan is. In oanhâldende ynfeksje mei it saneamde HPV-firus slacht úteinlik om yn woekering.

Hoe’t it kin dat it spiraaltsje it ûntstean fan ‘e gefaarlike sykte foarkomt, witte de ûndersikers net. Undersykster Laila Muderspach neamt in pear hypotezen. Sa soe it kinne dat der by it útheljen fan it spiraaltsje sellen fuortskrabe wurde dy’t oars kankerje soene. It is ek mooglik dat it spiraaltsje in beskermjende ymmúnreaksje opropt.

Foar earme lannen is de ûntdekking goed nijs, seit Muderspach har kollega Victoria Cortessis. Hja wiist derop dat it spiraaltsje in goedkeape manier is om derfoar te soargjen dat froulju net swier wurde en tagelyk om de kâns op kanker lytser te meitsjen.

novimber 10, 2017 13:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.