Siemens slút fêstigings yn Hengelo en Dútslân

novimber 17, 2017 08:57

Foto: pixabay.com

It Dútske yndustrykluster Siemens slút de fêstiging yn Hengelo, dêr’t 600 minsken wurkje. Dat docht bliken út in mail fan de top fan it bedriuw, dy’t yn hannen is fan RTV Oost. Yn Hengelo wurde kompressors en gasturbines makke. De sluting makket diel út fan in wrâldwide reorganisaasje, dêr’t 6900 banen by ferdwine, wêrfan 6100 by de enerzjy- en gastûke, dy’t swier te lijen hat ûnder de krisis yn de oalje- en gasyndustry.

By Siemens wurkje wrâldwiid 362.000 minsken, fan wa 3000 yn Nederlân. De operaasje moat foar 2020 ôfrûne wêze. Siemens wol twongen ûntslaggen safolle mooglik foarkomme, ûnder oare troch minsken op oare lokaasjes wurk te jaan. Yn Dútslân ferdwine 2500 banen. Yn East-Dútslân, yn Leipzig en Görliz, sille twa grutte fabriken slute, mei yn totaal 920 arbeidsplakken.

De personielsleden yn Twinte wurde freedtemoarn fia in fideoferbining op ’e hichte brocht yn de Grolsch Veste yn Ynskedee. It bedriuw docht foar dy tiid gjin meidielings oer it tal ûntslaggen yn Nederlân. CNV Vakmensen wol sa gau mooglik yn petear mei Siemens. It bûn seit te stribjen nei it behâld fan safolle mooglik banen. Neffens it fakbûn wurdt de regio hurd troffen en is it ekstra lêstich om’t de trochsneed âldens fan de wurknimmers frij heech is.

novimber 17, 2017 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*