SC Cambuur en Gemeente Ljouwert meitsje har sterk foar Ald-East

novimber 22, 2017 11:13 Fernijd

Freedtemiddei 17 novimber is op in spesjale parsekonferinsje yn it Cambuur Stadion de ôftraap jûn foar it ‘Pakt fan Cambuur’. Dat is in nij projekt fan SC Cambuur, Gemeente Ljouwert en de Business Club Cambuur mei as doel om in wurkgelegenheidsympuls te jaan oan de wyk Ald-East.

It is nammentlik mei pine yn it hert dat de klup dy wyk ferlitte sil. Sûnt 1936 makket SC Cambuur, earst as VV Ljouwert, ûnderdiel út fan it strjitbyld yn Ald-East en mei de oansteande ferhuzing nei in nij ûnderkommen by it WTC sil dat nei goed tachtich jier feroarje.

Alle partijen binne har derfan bewust dat it fuortgean út de wyk ek in enoarm ferlies op sosjaal en maatskiplik mêd betsjutte sil. Dêrom wol de klup him sterk meitsje foar de wyk om dat tsjin te gean en de nauwe bân te behâlden. It Pakt fan Cambuur is de earste fan mear inisjativen en hat as doel om fyftich minsken út it bestân oan in baan te helpen mei de ekspertize en it netwurk fan de belutsen partijen. Dat ûnder it biedwurd: ‘fan de bank nei in basisplak’.

Oanwêzich om de symboalyske ôftraap te ferrjochtsjen yn de parseromte fan it Cambuur Stadion wiene Ard de Graaf (algemien direkteur SC Cambuur), Henk Deinum (wethâlder Gemeente Ljouwert), Friso Douwstra (wethâlder Gemeente Ljouwert), Jan Atze Nicolai (wethâlder Gemeente Ljouwert), Biense Dijkstra (algemien direkteur Bouwgroep Dijkstra Draisma) en Jan Leegstra (foarsitter Business Club Cambuur).

novimber 22, 2017 11:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*