Reedrydnijs: goud foar Kramer en De Jong

novimber 12, 2017 23:10

Sven Kramer hat op ‘e wrâldbekerwedstriden yn Thialf op it Hearrenfean goud wûn op ‘e fiif kilometer.Hy wûn mei 6.12.88 en wie de nûmer twa, Ted Jan Bloemen, dêrmei krekt te fluch. De Noar Sverre Lunde Pedersen waard tredde mei 6.15.81. Jan Blokhuijsen waard fjirde, Erik Jan Kooiman fyfde. Foar Jorrit Bergsma wie it net in slagge wykein. De Boanster waard yn 6.18.56 mar sânde.

Antoinette de Jong wûn de 3000 meter by de froulju yn 4.03.53. De Russyske Natalia Voronina, ridend tsjin De Jong, waard twadde mei 4.04.00. Ivanie Blondin fan Kanada waard tredde mei 4.04.16. Irene Schouten waard fyfde en Ireen Wüst mei 4.05.54 sechsde. Carien Kleibeuker einige yn de efterein as tolfde mei 4.09.54 as eintiid.

Foar Antoinette de Jong, ein oktober ek Nederlânsk kampioen wurden op de 3000 meter, wie it har earste wrâldbekerwinst. Hja wûn alris goud mei de ploege-efterfolging op it WK ôfstannen en de wrâldbeker, mar yndividueel noch net. “Dit is de moaiste oant no ta. Dit hie ik net ferwachte,” sei hja. “Normaal geane je derfan út dat se nei my foar de winst gean. Ik seach yn de ritten foar my de tiid nei ûnderen gean en wist dat ik rapper moast as op it NK ôfstannen fjirtjin dagen lyn. Ik hie in goede tiid delset en dat wie genôch.”

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 12, 2017 23:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*