Prûmkewurden: stoer en dûbeltsje

novimber 3, 2017 10:45 Fernijd

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ besprekt Henk Wolf de kommende tiid in stikmannich fan sokke wurden.

Troch Henk Wolf

As bern wist ik net wat in botsen wie. Dy muntsjes fan 2,5 sint wienen der doe al lang net mear. Wol rekkene ús pake noch gauris de prizen om fan gûnen nei stuorren. Dat de stoer foar syn generaasje de telienheid wie, is noch te sjen oan it wurd dûbeltsje, dat in ‘dûbelde stoer’ is.

Okkerdeis kaam ik derachter dat foar de jongelju fan no stoer en dûbeltsje krekt sa fremd binne as dat botsen dat foar my wie. In pear fan myn studinten wisten noch wol wat der mei dy wurden bedoeld waard, mar in soad hienen gjin idee. Deselden dy’t it wisten, seinen fan: “Ja, âlde minsken oan ‘e kassa brûke dat noch wolris, dûbeltsje. Sa’n muntsje fan tsien sint is dat toch?”

No’t wy doch by de munten binne: ik haw it meast oer in ‘eurosint’, om dy te ûnderskieden fan de âlde sint, dy’t in hûndertstepart fan in gûne wie, mar ik leau dat de teeners en tweintigers dat ek net mear sizze, dy ha it meast sljochtwei oer in sint.

Hokker oare nammen foar besteande en ferâldere munten brûke jim noch?

novimber 3, 2017 10:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Herke Bakker novimber 4, 10:28

    Eurosint? Binne dy der noch? It is al jierren lyn dat ik ien sjoen haw. Boekhâldkundich besteane se wol, dat wy moatte se ek wolris by de namme neame. Ik bin fan de generaasje dy’t de stuorkes, botsens en healtsjes noch kend hat en dy’t noch praten hearde oer prizen fan in skelling en 35 stoeren ensa, mar ik sjoch yn it deistich ferkear it belang der net fan yn om oer eurosinten te praten. “Dat wurdt dan 65 euro en 15 eurosint”, klinkt oerdreaun en is oerstallich. Ik haw gjin gûnesinten by my, dat ik reitsje wier net yn ’e war.
    Der binne my gjin spesjale nammen fan de euromunten bekend, dat ik haw it oer stuorkes en dûbeltsjes, twa dûbeltsjes en in heale euro.
    Ik haw begrepen dat winkellju gewichten net oanjaan meie mei ûns, healpûn en pûn. Dat der gjin amtner op it idee kommen is om ús te ferplichtsjen tenei oer sinti- , desi- en deka-euro’s te praten mei suver in wûnder hjitte.

  2. Liuwe Westra novimber 5, 07:03

    Wy hawwe de bern mei sin in tal fan dy prûmkewurden bybrocht, en op in gegeven stuit krigen se dêr sels ek noch aardichheid oan. As se bygelyks kontant in pear sinten oergarre hawwe, komme dy ‘op it boekje’.

  3. memmeminske novimber 5, 08:40

    Der wie ek noch de stoer { fyf sinten } dy paste krekt yn myn barich.

  4. A.Kramer novimber 6, 14:37

    Ik neam in 2-Euromunt sels wolris in “tweetje” dit lykas eartiids in “vijfje” . De 1-Euromunt neam ik dan in “eentje”.
    Ik wit net of der oaren binne dy’t dat dogge.
    Oare hjoeddeiske munten wit en brûk ik gjin namme fan.
    (By de briefkes neam ik allinne de tweintich Euro wolris in “twintigje”. Trochdat der yn de gûnetiid “tientjes” en “vijfjes” en “vijftigjes” wienen neam ik dy Eurobriefkes net sa).

  5. Feikje Lanting-Bouma novimber 7, 16:06

    Om ek in duit yn it ponkje te dwaan: de nammen fan munten dy’t yn ûnbrûk rekke binne, libje troch yn siswizen.
    In pear foarbylden:
    – syn oartsen (of botsen) fersnobbe hawwe
    – eat foar in grypstehealstoer keapje
    – syn praat en fiif sinten makket krekt in stoer
    – gjin stoer wurdich wêze
    – as hy in stoer yn ’e bûse hat, dan hat er foar in dûbeltsje toarst
    – in gesicht as in âld kwartsje
    – foar gjin gûne (dat ’t jit te sliepen lei)
    – de earste slach is in daalder wurdich

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.