Prûmkewurden: krús

novimber 17, 2017 10:45

foto: morguefile.com

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ besprekt Henk Wolf de kommende tiid in stikmannich fan sokke wurden.

Kollum troch Henk Wolf

Yn de ballade fan Longerhou komt de ûndersteande sin foar:

Hy skeat doe fuort, wat stiif yn ’t krús, dêr wie de kjeld yn sketten

Dy sin sil sa stadichoan net mear foar elkenien begryplik wêze. It wurd krús betsjut nammentlik ‘rêch’. De earme Simen, haadpersoan fan it bekende liet fan Wibren Altena, is nei de lange tocht oer it iis en de blauwe skine fan syn iisfaam (ek in prûmkewurd, tink) stiif yn ‘e rêch wurden.

Der kin hjoed de dei maklik betizing ûntstean mei de folle bekendere betsjutting fan krús, nammentlik dy fan ‘gemachten, geslachtsdielen’.

Ferskate lichemsdielen ûnder yn ’e romp wurde fanâlds wol krús neamd. Dat is ek net sa gek, mei’t it bekken dêr dwars op ’e rêchbonke stiet, as in krússtik. It bekken en wat dêromhinne sit, waard of wurdt ek wol skammel neamd.

Sa kin by kij in kealtsje ‘foar it krús sitte’. Dan wol it der net út en moat it helle wurde. Yn oerdrachtlik gebrûk kin it mei in putsje dat net eine wol ek ‘foar it krús sitte’. Earder hienen froulju ‘it foar it krús’ as de reade flage úthong en wa’t pine yn ’t krús hie, koe miskien net pisje, mar dyselde koe likegoed in seare (ûnder)rêch ha. Oerdrachtlik kin it stik fan in broek dêr’t de boksen byinoar komme, ek noch fan krús hite.

Kenne jo mear nammen foar lichemsdielen dy’t men hjoed de dei amper mear heart? Lit it ús dan witte op it webstee, op Facebook of yn in mailtsje nei ynfo@itnijs.frl.

novimber 17, 2017 10:45
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. jangerben novimber 18, 17:56

    De earen binne him al aardich befretten, dat waard wol zijn tsjin in proastich persoan dy ‘ t troch sa no en dan op syn bek te fallen syn proastichheid sa starichoan kwytrekke.

  2. Folkje novimber 19, 11:02

    Der wurdt neffens my ek wol sein “it is in krús”. Dat betsjut dan dat der wat is wêr’t men mei te libjen hat. Net wat moais dus.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*