Provinsje ynvestearret yn oprjochtsjen Frysk eksportsintrum

novimber 29, 2017 08:11

Yn 2020 sil tsien persint it Fryske bedriuwslibben ynternasjonaal ûndernimme. Om dat te berikken, rjochtsje World Trade Center Ljouwert en NHL Hegeskoalle it eksportsintrum International Trade Support op. Dêr wurkje se yn gear mei de Fryske Eksportklup en de Keamer fan Keaphannel. De Provinsje stipet it projekt mei in ynvestearing fan op syn heechst € 950.925,- ferdield oer fjouwer jier.

Deputearre Sander de Rouwe: “Yn Fryslân sitte prachtige bedriuwen dy’t moaie produkten meitsje, produkten dy’t it oer de grins goed dwaan soene. Wy wolle ûndernimmers helpe by it ynternasjonalisearjen. It eksportsintrum is dêr ien fan de middels by.”

Ynternasjonaal ûndernimme
It oprjochtsjen fan in eksportsintrum is ien fan de maatregels út it ‘Oanfalsplan Ynternasjonaal ûndernimme’ dat Provinsjale Steaten op 20 maaie 2015 fêststeld hat. It doel fan it oanfalsplan is om yn fjouwer jier in eksportgroei fan it Fryske bedriuwslibben fan 7% nei 10% te realisearjen. In ekonomy dêr’t bedriuwen ynternasjonaal yn ûndernimme hat minder lêst fan ekonomyske krisissen.

Wurkje mei Fryslân
It Oanfalsplan Ynternasjonaal ûndernimme is ûnderdiel fan Wurkje mei Fryslân. It ekonomyske pakket fan de provinsje Fryslân. De Provinsje wurket oan in sterke ekonomy, dêr’t elke ynwenner fan Fryslân profyt fan hat. Hjoed, mar ek yn de takomst. Mear ynformaasje stiet op www.fryslan.frl/wurkje.

novimber 29, 2017 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.