Oprop foar de Skriuwersarke

novimber 17, 2017 17:10

Foto: Tresoar

​Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

​Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dy wize hopet de organisaasje safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.

It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it Tamminga-Piebenga-Fûns, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.

Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2018 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2018 net slagje om plak te krijen, ek yn 2019 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

novimber 17, 2017 17:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*