Omrop Fryslân lansearret nij Koperkanaal mei fideo

novimber 7, 2017 07:34

Omrop Fryslân hat juster in nije fariant fan Koperkanaal lansearre: in online fideokanaal mei opnamen fan muzykkonkoersen en festivals fan harmony, fanfare en brassband. It nije kanaal is in oanfolling op de non-stop audiostream Koperkanaal, it radioprogramma Koperkanaal FM en de livestreaming fan HaFaBra-eveneminten. Mei Koperkanaal wol Omrop Fryslân HaFaBra-muzyk beskikber stelle foar in breed publyk. De nije fideo-edysje fan Koperkanaal is te finen fia Youtube.com/user/OmropFryslan/channels.

Omrop Fryslân fersoarget geregeld livestreaming fan konkoersen en festivals, de lêste jierren hieltyd faker mei byld. Fan no ôf binne de opnamen fan optredende orkesten werom te sjen op de fideo-edysje fan Koperkanaal. Op it nije Koperkanaal binne no sa’n 35 opnamen te finen fan ûnder oare Surventobrass en de brassbands fan it Gouden Spiker Festival. It kanaal sil de kommende jierren fierder útwreide wurde.

It nije Koperkanaal is justermiddei live op de radio yn gebrûk nommen yn it programma De Middei fan Fryslân. De lansearring waard dien troch presintator Femke de Walle en de diriginten Andries de Haan en Sijtze van der Hoek. De Haan en Van der Hoek fersoargje foar Omrop Fryslân it kommentaar en de ynterviews mei diriginten en orkestleden by de livestreaming fan HaFaBra-eveneminten.

De earstfolgjende fideo- en audio-opnamen foar Koperkanaal wurde op 18 novimber makke by it OMF muzykkonkoers yn De Lawei yn Drachten. It konkoers is fan 12.00 oere ôf ek live te folgjen by Omrop Fryslân fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Koperkanaal by Omrop Fryslân:
– Fideokanaal: Youtube.com/user/OmropFryslan/channels
– Audiostream: Omropfryslan.nl/koperkanaal
– Koperkanaal FM: alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op ‘e radio, 92.2 FM

novimber 7, 2017 07:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*