Om bang fan te wurden

novimber 8, 2017 06:00 Fernijd

Kollum fan Aant Mulder

Wy hawwe in nij regear. Der binne gâns wat ministers en steatssekretarissen kommen. Alles byinoar binne it der fjouwerentweintich. Dêr binne tolve gewoane ministers mei in gewoan ministearje by. Foar fjouwer ministers hawwe se net in eigen ministearje betinke kinnen en dy komme dêrom tegearre mei in oare minister op ien en itselde ministearje te sitten. En dan binne der ek noch acht steatssekretarissen! Aardich wat pommeranten dus, dêr’t guon fan byinoar yn wenje moatte. Om dat dúdlik te meitsjen hearde ik moaie ferhalen oer ‘fan’ en ‘foar’. Dat spruts my wol oan, want mei datsoarte fan wurdsjes hawwe wy ek wol wat.

Sa ha we no ministers dy’t ‘fan’ in ministearje binne en ministers dy’t ‘foar’ in ministearje binne. Dy earsten, dy’t ‘fan’ in ministearje binne, dat binne de echten. Dy binne einferantwurdlik. Dat is dúdlik. Dy oaren dogge dingen ‘foar’ it ministearje en binne dêr fansels ferantwurdlik foar, mar net foar it hiele ministearje. Ik haw noch net begrepen wat yn dy gefallen it ferskil is tusken in minster en in steatssekretaris.

Hawar ‘fan’ en ‘foar’, in pear moaie ferhâldingswurden (voorzetsels). By dy twa wurdsjes tink ik altyd oan ‘bang’ om’t wy as Friezen ‘bang fan’ en ‘bang foar’ wêze kinne. As wy ‘bang fan’ wat binne, dan binne dat ornaris konkrete dingen, dingen dy’t der gewoan binne. Wy binne bang fan hûnen, bang fan rûzje en earne sa bang fan wêze as in spûk. ‘Bang foar’, dat is krekt wat oars. Dan sitte we yn noed oer dingen dy’t barre kinne. Tink oan: bang foar it eksamen, bang foar de eigen sûnens, bang foar swier waar. En ik bin der bang foar dat it nije regear net folle omtinken hawwe sil foar Frysk taalbelied.

Hoewol, mei safolle Haachske pommeranten begjint men suver te tinken dat we mei-inoar moaie tiden temjitte geane. Dat betink ik fansels net samar. Dy lju fan it kabinet Rutte III hawwe it ommers oer ‘vertrouwen in de toekomst’. Dat moat fansels ek foar ús jilde: betrouwen yn ’e takomst, want wy hearre der ek by. Dat betsjut dat ik nijsgjirrich bin nei Fryske aspekten yn dat nije regear. Ik tocht dat der faaks wol in steatssekretaris foar de regio, de omkriten fan de Ranestêd, komme soe en dat der yn dat ramt ek omtinken komme soe foar de bysûndere posysje fan it Frysk en Fryslân. It hie noch moaier west as ien fan dy fjouwer ministers dy’t net in eigen plak hawwe, dat as opdracht krigen hie. Nee, dus neat fan dat alles.

No, as dat net sa is, dan sille der by safolle pommeranten grif wol in pear sitte dy’t hikke en tein binne yn Fryslân, tink ik dan mar. Ik haw efkes socht en it soe samar kinne dat ik wat oer de holle sjoch, mar ik kom net fierder as Halbe Zijlstra en litte se dy no krekt nei ‘t bûtenlân ta stjoere om’t er dat leaver wol as nei Fryslân ta. Gjin ministearjes, gjin minsken dêr’t we yn ‘t foar al wat fan ferwachtsje kinne. Dat betsjut dat it fan it belied en fan suver net-ferwachte inisjativen komme moat.

Dat belied leit fansels folslein yn it regearakkoart fêst. Mar wa wit, hawwe der tûke lju west dy’t guon ûnderwerpen foar de regio en foar Fryslân kreas nei de ûnderhannelingstafel ta lavearre hawwe en sa sokke ûnderwerpen yn it regearakkoart opnommen krigen hawwe. Dat is ek sa. Ik ha út de krante begrepen dat der jild komt foar wat ta de ferbylding sprekt: slûzen, akwadukten, plysje, definsje en sa fierder.

It Frysk hellet de krante ek mei de kop ‘Het Fries is een teer verliespuntje’. Dêr lês ik dat it Frysk wer net yn ’e Grûnwet komt. Ik moat begripe dat it CDA en ChristenUnie dat wollen hiene, VVD en D66 dus net. Dat is goed om te witten. Botte fûl hawwe se nei alle gedachten net west, dat laat ik alteast ôf út de opmerking: ‘you win some, you lose some’. No moat it, neffens dyselde krante, komme fan in nij bestjoersakkoart, dêr’t de Fryske taal en kultuer in better plak yn krije moatte. Dat nije bestjoersakkoart is nedich om’t it âlde fan 2013 o/m 2018 rint. Yn dat hjoeddeistige bestjoersakkoart stiet wat dien wurdt oan ûnderwiis, rjocht en bestjoer, media en kulturele aktiviteiten as it giet om de Fryske taal en kultuer.

Ik soe ús allegearre en benammen alle Frysk bestjoeren en organisaasjes oproppe wolle om dat bestjoersakkoart fan no te bestudearjen. Wat stiet deryn en wat stiet der net yn dat der wol yn stean moat? Wurdt wol dúdlik genôch oanjûn hoe’t de papieren wrâld fan dat bestjoersakkoart de echte wrâld wurdt? Wy moatte op tiid úteinsette. Wy moatte tagelyk besykje it mei-inoar iens te wurden. Sis Tsiis, de BMD, de FFU en al dy oare organisaasjes! De Ried fan de Fryske Beweging moat fansels it foartou nimme. Dwaan, net it oare jier, mar no dus. Oars komme we wer mei it sâlt as it aai op is.

Fan en ta bin ik bang fan dat krewearjen. Wy wolle ommers allegearre it goede, mar dat is tagelyk faak hieltyd wol wat oars. Wy moatte der dochs in slim set fan hawwe. Wy moatte de mouwen figuerlik opstrûpe, oars bin ik der bang foar dat dat nije bestjoersakkoart net folle mear opsmyt as it nije regearakkoart. Dat is om bang fan te wurden!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 4 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

novimber 8, 2017 06:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Hein Boersma novimber 22, 13:28

    It is fansels in swier stik as jo dochter mei in Turk boasket om dan objectyf te bliuwen.

  2. Cor Jousma novimber 23, 09:52

    Bêste Hein,

    Moai dat jo dochter mei in Turk boasket, mar binne wy dêryn ynteressearre?

  3. Eric febrewaris 13, 15:23

    D’66 is wol de meast anty-fryske partij dy’t der is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*