Nije bestjoerders ferbiede amtners om Katalaansk te brûken

novimber 8, 2017 12:07

Yn Barcelona binne de ôfrûne dagen tsientallen ‘homes de negre’ (manlju yn it swart), sa’t de Madrileenske amtners gekjeiend neamd wurde, oankommen. Hja binne de hege amtners dy’t yn opdracht fan it nasjonale Spaanske regear de macht op ‘e ministearjes fan Kataloanië oernimme. Hja nimme út Madrid nije regels mei.

Net allinne de lichaamlik bywêzige amtners nimme regels mei. Madrid hat ek it bestjoer oernommen fan de Katalaanske telekommunikaasje-organisaasje CTTI en fan de feilichheidstsjinst CESICAT. Dy hawwe as taak krige en soargje foar goede fideoferbinings tusken Madrid en Kataloanië, sadat de ministers yn Madrid sjen kinne wat der op ‘e Katalaanske ministearjes bart en fia de fideo opdrachten jaan kinne.

Ien fan de nije regels is dat it gebrûk fan it Katalaansk fuortendaliks oan bannen lein is. Wylst Kataloanië sels in aktive polityk fiert om de status fan it Katalaansk te ferheegjen, wolle de nije machthawwers dat de amtners Spaansk brûke. Neffens de ynternetkrante NacióDigital hawwe amtners fan de Katalaanske ministearjes fan ynlânske saken, útlânske saken en folkssûnens klage oer de nije ynstruksjes, dy’t harren ferbiede om Katalaansk te brûken.

De Katalaanske presidint yn ballingskip Carles Puigdemont hat tiisdei yn Brussel in gearkomste hân mei 170 Katalaanske boargemasters. Hy sei dat er meidwaan sil oan de nije ferkiezings en dat er fan doel is om te winnen. Fierder utere er swiere krityk op ‘e Europeeske Uny, dy’t “earferdôvjend stil” wie oer de krisis yn Kataloanië. Neffens Puigdemont is in demokratysk beslút it iennichste mooglike paad nei ûnôfhinklikens.

novimber 8, 2017 12:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 novimber 9, 09:16

    Fansels lit de EU Kataloanje yn ‘e steek, want de EU is der nammentlik net foar de minsken mar foar ‘de Heeren XVII’. Dy domme linkse Katalanen, se hienen it witte kinnen. Mar ja, linkse minsken en de wierheid, dat binne twa dingen dy’t net byinoar passe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.