Net mear stinne, stimme!

novimber 17, 2017 20:06

Oankommende 1 jannewaris wurdt de bestjoerlike kaart fan in grut part fan Fryslân op ‘e nij tekene: sân gemeenten yn it noardwesten fan de provinsje binne by in ûnbidige weryndieling belutsen; sjoch de kaart hjirnjonken. Nei de megafúzje bliuwe trije gemeenten benefter, dy’t der sa útsjogge (klik op de nammen foar mear ynformaasje oer de oanbelangjende gemeenten lykas beskreaun op de Wikipedy):

Littensaradiel wurdt dus opspjalt. Om krekt te wêzen, sjocht dat der sa út:

  • Tsien doarpen geane mei de gemeente Ljouwerteradiel nei de gemeente Ljouwert: Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum.
  • Fyftjin doarpen geane nei de gemeente Súdwest-Fryslân: Boazum, Britswert, Easterein, Easterwierrum, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Reahûs, Rien, Waaksens, Wiuwert en Wommels.
  • De fjouwer doarpen Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp foarmje mei it Bildt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel de nije gemeente Waadhoeke.

Wêrom sa’n fúzje? De gemeente Ljouwerteradiel seit dêr dit oer: “Wy sille om ferskillende redenen fusearje mei Ljouwert. De wichtichste is dat wy trochgean kinne om jo goed te betsjinjen. En dat jo goed yn jo gemeente wenje, libje en wurkje kinne. De befolking yn ús gemeenten feroaret. Dy fergrizet en ûntgrienet. Gemeenten krije ek hieltiten mear taken. Om dy útdagingen oan te kinnen is der ferlet fan in gruttere gemeente. Troch de fúzje bondelje en fersterkje wy ús eigen strategyske kapasiteit. Sa kinne wy better in gearhingjend belied meitsje. Foar no en yn de takomst. En dat biedt kânsen. In gruttere gemeente is ek nedich om finansjeel sûn te bliuwen. En om de foarsjenningen en leefberens op peil te hâlden. Lanlik hat in gruttere gemeente ek mear ynfloed as in lytse.”

Hoewol’t in protte minsken neat ha moatte fan hieltyd mear skaalfergrutting falt der dus net mear oan te ûntkommen. Yn Frysk- en Biltsksinnige fermiddens is der noed dat it Nederlânsk foar master opslaan sil yn de grutte gemeenten dy’t ûnsteane, mar oan de oare kant kin de gruttere skaal ek kânsen jaan foar in better taalbelied.

Yn alle gefallen kinne ynwenners ankom wike harren stim hearre litte, om’t de weryndieling betide gemeenteriedsferkiezings meibringt. As stimhelp binne der stimwizers, ek yn it Frysk: sjoch hjir foar Ljouwert, hjir foar Súdwest-Fryslân en hjirre foar Waadhoeke. Op de allyksa Frysktalige webside fan de gearwurkjende gemeenten is mear ynformaasje te finen oer de stimmerij: sjoch hjirre. Wat it Frysk oanbelanget is it begjin dus al goed.

novimber 17, 2017 20:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*