Nederlanner fertrape troch oaljefant

novimber 13, 2017 10:27

Foto: pixabay.com

Yn in natuerpark yn Sambia binne in Nederlanner fan 64 en in Belgyske frou fan 57 jier deade troch in oaljefant. Harren lichems binne foar ûndersyk oerbrocht nei it mortuarium fan in sikehûs yn Livingstone. Sambiaanske media melde dat de twa fertrape waarden doe’t se de oaljefant fan tichtby fotografearje woene, mar de famylje fan de Nederlanner sprekt dat tsjin.

De frou soe op op syn minst 25 meter ôfstân nei de lânsrinnende oaljefanten sjoen ha doe’t ien fan de bisten ynienen op har ôfstoarme. De man besocht neffens syn famylje de frou te rêden, mar waard ek oanfallen. By dy twadde oanfal waarden de man en de frou fertrape. Hja wiene op slach dea. De reden foar de oanfal is ûndúdlik. De frou wie tige bekend mei oaljefanten. Hja wenne al sechtjin jier yn Afrika.

novimber 13, 2017 10:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*