Muzikale middei mei Olivetti

novimber 5, 2017 15:00 Fernijd

It fokaal trio Olivetti sil op snein 12 novimber te hearren wêze yn Froubuorren (Froubuurt). It trio wurdt foarme troch Janny Kok, Baukje Hoogstins en Roelof Veldhuizen. De bekende pianist Oeds Wijnsma wurket mei as begelieder. In stik of wat eardere optredens wiene sa suksesfol dat der alle reden is om dermei troch te gean.

It repertoire bestiet foar in grut part út eigen arranzjeminten fan de moaiste, geastichste mar ek gemienste lietsjes fan Drs P. Fierder lietsjes fan Annie M.G. Schmidt en komponist Harry Bannink, fan Lennaert Nijgh en Boudewijn de Groot, fan Huub van der Lubbe en in pear Jiddyske lietsjes. Sis mar moaie nûmers út it bettere Nederlânsktalige sjenre.

Bysûnder is dat Olivetti syn publyk belûkt yn it útwreidzjen fan syn repertoire. In ekstra reden dus om der yn Froubuorren by te wêzen. Nei ôfrin fan it optreden is der in gesellige neisit.

It konsert op 12 novimber begjint om 15.30 oere en wurdt holden yn de Bordenatsjerke. Foar de tagong wurdt in frije bydrage frege.

novimber 5, 2017 15:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*