Minister Slob: Fryslân moat sels foar bettere Fryske lessen soargje

novimber 12, 2017 23:30

Arie Slob

It Ryk jout de provinsje Fryslân jild om it plak fan it Frysk te ferbetterjen. Dy ferbettering is in taak fan de provinsje, ek yn it ûnderwiis. Boppedat hawwe skoallen sels in protte frijheid om mear of minder mei it Frysk te dwaan. De minister fan ûnderwiis bemuoit him dêr net mei. Dat hat de nije minister fan ûnderwiis Arie Slob te witten dien. Slob reagearre op in brief fan DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal.

DINGtiid hie de minister advisearre om masters en juffen yn it basisûnderwiis te ferplichtsjen om in foech Frysk te heljen. De minister seit dat skoallen sels útmeitsje wa’t se oannimme. Hy wol him dêr net mei bemuoie.

De minister wol ek gjin minimumtal oeren wyks fêststelle dat skoallen oan Fryske les besteegje moatte. De minister wiist derop dat sa’n minimumtaloeren der foar net ien fak is. Skoallen meitsje sels ek út oft se nei de earste klas fuortset ûnderwiis noch Frysk oanbiede. De minister wol dêr gjin ferplichting fan meitsje.

Oft leararen yn Fryslân allegearre it foech Frysk helje moatte, is neffens de minister ek gjin beslút fan de Ryksoerheid. Hy seit dat DINGtiid him rjochtsje moat ta de beropsorganisaasje fan leararen om soks foarinoar te krijen.

Klik hjir om it brief fan minister Slob te lêzen.

novimber 12, 2017 23:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*