Minister: gjin plysjes mei holledoekjes

novimber 21, 2017 00:43

Nederlân kriget ynearsten gjin plysjefroulju mei holledoekjes. Dat hat de nijs minister fan justysje Ferdinand Grapperhaus hjoed te witten dien. Grapperhaus leit it advys fan it Kolleezje fan de rjochten fan ‘e minske nêst him del. Dat advysorgaan hie de plysje moandei advisearre om in plysjemeiwurkster it dragen fan in holledoekje ta te stean, om’t it oars diskriminaasje op basis fan godstsjinst wêze soe.

Plysjemeiwurkster Sarah Izat hie in klacht by it kolleezje yntsjinne, om’t hja yn kontakt mei klanten gjin holledoekje op ha mei as se yn unifoarm is. Hja wurket oan in baly en hat tastimming krigen om yn boargerklean oanjeftes op te nimmen, mar hja wol de holledoek ek by har unifoarm drage.

Earder dit jier hat it Europeeske Hof fan justysje in hiel oare útspraak dien. Neffens de heechste Europeeske rjochters meie wurkjouwers fan harren personiel easkje dat dat in neutrale útstrieling hat. De plysje ferwachtet dat yn Nederlân ek fan syn meiwurkers, krekt sa’t dat yn Dútslân, België en Frankryk it gefal is. Yn Grut-Brittannië stiet de plysje religieuze tekens wol ta. De Nederlânske Twadde Keamer hinget ek oan it prinsipe fan de neutrale útstrieling

novimber 21, 2017 00:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.