#MeToo: beskuldigings fan ûnseedlik gedrach

novimber 4, 2017 09:49

Foto: pixabay.com

Ien dy’t je oan ’e billen sit, wylst je dat net wolle. Of ien dy’t seit dat je in tige seksy jurkje oan hawwe. Of je wurde neifluite op ’e dyk. In protte froulju meitsje dat soart dingen mei en dêr gong it de ôfrûne wiken in protte oer yn it nijs.

It begûn mei Harvey Weinstein, in Amerikaanske filmprodusint. Ien aktrise fertelde dat er by har seksuele hannelings dien hie en sy bliek net de iennige. In oare aktrise rôp dêrnei alle froulju op dy’t ek soks meimakke hiene, te tweeten mei hekstek #metoo. Se skriuwt dat dan pas dúdlik wurdt hoe grut it probleem is. It wurket: tûzenen froulju én manlju oer de hiele wrâld diele harren ferhaal.

Bern ûnder de tolve jier hawwe soms ek te krijen mei seksuele dingen tsjin harren sin. By ien op de hûndert jonges en twa op de hûndert famkes barre út en troch dingen dy’t se eins net wolle. Bern krije ek út en troch opmerkings dy’t te krijen hawwe mei seks. De bernetelefoan (0800-0432) jout bern tips wat se yn sokke gefallen dwaan kinne.

novimber 4, 2017 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.