Mantelsoargers litte miljoenen oan wurdearring lizze

novimber 24, 2017 09:29

Foto: Zuster Jansen

Mantelsoargers litte in grut bedrach oan mantelsoarchwurdearring lizze. Dat docht bliken út ûndersyk nei de mantelsoarchwurdearring ûnder 39 gemeenten troch Thússoarchorganisaasje Zuster Jansen. Yn ’e measte gemeenten is in beleaning beskikber foar elke mantelsoarger, mar in protte fan harren dogge dêr gjin berop op.

Mantelsoargers hawwe rjocht op in gemeentlike fergoeding, mitsdat sy oan beskate betingsten foldogge. Dy fergoeding wurdt mantelsoarchwurdearring neamd. Dy mantelsoarchwurdearring kin bestean út in jildbedrach, in dei fuort of in tegoedbon. De regels fan it oanfreegjen fan mantelsoarchwurdearring ferskille de gemeente. Yn ’e gemeente Rotterdam moatte mantelsoargers bygelyks yn dy gemeente wenje. Yn Katwyk hawwe mantelsoargers rjocht op wurdearring salang’t de soarchfreger yn ’e gemeente wennet. In mantelsoarger út Rotterdam soe dêrom yn prinsipe in dûbele mantelsoarchwurdearring barre kinne, as de soarchfreger yn bygelyks Katwyk wennet.

Gemeenten gean út fan net-kleemd budzjet
De mantelsoarchwurdearring wurdt troch gemeenten fergoede út it jierlikse mantelsoarchbudzjet. De hichte fan de lokale mantelsoarchbudzjetten lit sjen dat mantelsoargers yn in protte gemeenten gjin berop dogge op de mantelsoarchwurdearring dêr’t se wol rjocht op hawwe. De beskikbere fergoeding kin oprinne ta in bedrach fan 200 euro. Lykwols wurdt dy yn in protte gefallen yn natuera útbetelle, lykas help by de húshâlding, in mantelsoarchmakelder en mantelsoarchdagen.

Foaral de gemeenten Eindhoven, Almere en Nimwegen soene mei grutte begruttingstekoarten kampe as eltse mantelsoarger syn wurdearring yndie fersulveret. Yn Eindhoven soe dan in begruttingstekoart ûntstean fan likernôch 450% op it totale mantelsoarchbudzjet. Om dy reden hat de gemeente Eindhoven in limyt ynsteld op it beskikbere mantelsoarchbudzjet. Oare gemeenten dêr’t net folle berop dien wurdt op it mantelsoarchbudzjet binne Amersfoort, Maastricht en Rotterdam. Sawol Amersfoort as Maastricht biede in mantelsoarchwurdearring fan 200 euro.

Grutte ferskillen yn mantelsoarchwurdearring
De ferskillen yn Nederlân mei de wetlik bepaalde mantelsoarchwurdearring binne tige grut. De iene gemeente stelt in wurdearring fan 200 euro de mantelsoarger beskikkber, by de oare gemeente is dat in weardebon fan tweintich euro of in OV-tegoed. Los fan de grutte fan de mantelsoarchwurdearring lykje in protte mantelsoargers net goed ynformearre te wêzen oer har rjochten as mantelsoarger.

Foar in wiidweidich oersjoch fan gemeenten dêr’t mantelsoargers de measte wurdearring lizze litte, kinne jo sjen op de webside fan Zuster Jansen.

novimber 24, 2017 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.