Ljouwert: ientalich ‘Gemeentehuis’ opskrift

novimber 10, 2017 12:38

De gemeente Ljouwert giet troch mei it fierhinne ientalich Nederlânsktalich belied. Dat falt te konkludearjen nei it pleatsen fan it opskrift ‘Gemeentehuis’ juster op it eardere ‘Stadskantoor’ tichteby de Aldehou. Yn dat gebou wurkje de measte amtners fan de gemeente en wurde de measte boargersaken ôfhannele. Mei de nije ientalige namme giet de gemeente Ljouwert yn tsjin de yntinsjes fan in bestjoerlike oerienkomst Taalbelied foar de weryndielingsgemeenten dy’t dizze moanne ûndertekene wurde sil, ûnder oare troch Ljouwert. Boppedat praat in grut part fan de ynwenners fan de nije gemeente Frysk en dat komt net werom yn de namme dy’t no tapast is.

Yn de oerienkomst stiet nammentlik te lêzen dat de Fryske taal en kultuer koestere wurde sil, ek foar de nije gemeente Ljouwert. Yn de nije gemeente, dy’t foarme wurdt troch de eardere gemeenten Ljouwert, Ljouwerteradiel en parten fan Littenseradiel en it eardere Boarnsterhim, kin neffens eigen sizzen sawat 70% fan de befolking fan 121.000 ynwenners it Frysk ridlik oant hiel goed prate. Yn de bestjoerlike oerienkomst wurdt fierders ôfpraat dat de sichtberens fan it Frysk fergrutte wurde sil. Nei de fúzje mei in part fan Boarnsterhim waard troch Ljouwert yn de praktyk ek suver gjin rekken holden mei de Frysktaligen. Wylst Boarnsterhim in Fryske gemeentenamme hie, geregeld Frysk brûkte by oankundigings yn it gemeentlike ynformaasjeblêd en it ek in goed plak hie by opskriften by de publyksbaly, is dat nei de weryndieling mei Ljouwert allegear ferdwûn. De ferantwurdlikens foar de útfiering fan it Taalbelied yn Ljouwert leit by it Kolleezje, dat foarme wurdt troch PvdA, CDA en PAL GrienLinks.

novimber 10, 2017 12:38
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. mbc84 novimber 10, 19:14

    Hienen we oars ferwachtsje kinnen? It Frysk mei net bestean yn Ljouwert en wurdt, sa as altiten, folslein weilitten. En dan Mar beare oer dy kulturele haadstêd, it is om je te besouwen.

  2. Fridunanth novimber 11, 10:46

    Gemeenteriedsverkiezings yn 2018 …. Smyt dy anti-Frysken/Friezen ta it hûs út!

  3. Fridunanth novimber 12, 13:22

    Fersin…, moat fansels 2017 wêze (22 novimber)!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*