Listlûkers gemeente Ljouwert yn petear oer it plattelân

novimber 14, 2017 13:56

Sicht op Ljouwert – en nee: it stiet net yn ‘e brân….

Giet it nei de weryndieling yn de nije gemeente Ljouwert allinnich noch oer de coffeeshops en de rútprostitúsje yn de stêd? Of hat de Ljouwerter polityk aanstens ek each foar de leefberens op it plattelân?

Nij Baarderadiel, belangebehertiger foar de tsien doarpen út it (no noch) Littenseradiel, organisearret hjiroer hjoed 14 novimber fan 19.00 oere ôf yn it doarpshûs fan Weidum in ferkiezingspetear. Alle listlûkers jouwe dêr harren meiwurking oan en sille mei de billen bleat oer ûnderwerpen as it sluten fan doarpsskoallen, bioferskaat en lânbou, Dark Sky, wenningbou yn de doarpen, ferkeersfeiligens en romte foar ûndernimmers op it plattelân.

Nij oan dit petear is dat ynwenners foarôf diskusjeûnderwerpen ynbringe kinne en mei diskusearje kinne fia www.stemvanbaarderadiel.frl.

novimber 14, 2017 13:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*