Kneppelfreed

novimber 18, 2017 07:00

Kneppelfreed

Ferhaal fan Jangerben Mulder

Tongersdei 16 novimber wie it 66 jier lyn dat Fedde Schurer foar it gerjocht ferskine moast en dat nei ôfrin fan de rjochtsaak de plysje mei de wapenstok ynsloech op de ploech minsken dy’t op it Saailân de útkomst ôfwachten.

Yn it Wâld wenne eartiids in mr. Wolthers, rjochter fan it kantongerjocht fan it Hearrenfean, dy’t geregeldwei Friezen dy’t foarkomme moasten denigrearjend behannele as se harren memmetaal brûkten foar de rjochtbank. Twa molkboeren út Aldeboarn moasten foarkomme om’t se op de bussen dy’t op de brijkarre stiene, molke en sûpe skreaun hiene. In ynspekteur fan de keuringstsjinst wie dêroer fallen, it hie yn it Nederlânsk moatten neffens artikel 16 fan it Molkebeslút. Dêr makke er doe ferbaal fan op en sadwaande moasten de molkboeren foar it gerjocht ferskine. Alhoewol’t de rjochter al tweintich jier yn Fryslân wenne, woe er gjin Frysk ferstean. Mar de molkboeren holden de foet stiif en praten Frysk. Wolthers die hiel denigrearjend tsjin harren en baude harren nei.

Yn 1951 moast in feedokter, S.F. van den Burg út de Lemmer foarkomme foar in ferkearsoertrêding. De feedokter prate Frysk. Ynienen waard de sitting skorst om’t kantonrjochter Wolthers in tolk ha woe. Mar dy kaam net, omdat dy allinne brûkt wurde koe foar in frjemde taal. Mar van den Burg moast wol oan de ein fan de sitting ta wachtsje en krige doe te hearren dat der gjin tolk komme soe. It proses krige in fuortsetting neidat de rjochter ôfkundige dat er de heer Van den Burg offisjeel net ferstean koe.

Klik hjir foar it hiele ferhaal.

novimber 18, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.