Kennis diele? Sprekoeren foar ‘Leen een Fries’ yn de biblioteek

novimber 14, 2017 13:51

De iene hat in passy foar bakken, de oare ken de bêste plakjes om mei in metaaldetektor te sykjen, wer in oarenien kin moaie ferhalen oer de skiednis fan stêd of doarp fertelle of wit alles oer fûgels of stjerren. Kennis fan grutte wearde en presys wat immen oars siket. Dêrom liene de Fryske biblioteken fan no ôf net allinnich mar boeken út, mar ek minsken. Dat lêste dogge se op www.leeneenfries.nl. Mear witte of help nedich by it oanmelden? Yn alle biblioteken binne ynkoarten wer ‘Leen een Fries’-sprekoeren.

‘Leen een Fries’ is in minsklike biblioteek: yn stee fan boeken lient de biblioteek no ek minsken út. Minsken dy’t alles witte oer in ûnderwerp en dy kennis graach diele mei oaren. Leeneenfries.nl is in inisjatyf fan de Fryske biblioteken yn it ramt fan LF2018 (mar giet ek nei 2018 troch) en hat gjin kommersjeel doel. Om’t de Friezen harren frijwillich en fergees ynsette, binne de aktiviteiten leechdrompelich en kin elkenien meidwaan.

De earste hûndert lienfriezen steane al op de webside. Dat smyt moaie kontakten op en it jout de kâns kennis te dielen, ferhalen kwyt te kinnen dy’t oars miskien net heard wurde. Lienfriezen hoege gjin ekspêrts te wêzen. Entûsjasme oer in favoryt ûnderwerp en in bytsje tiid om minsken te moetsjen is genôch. Kennisdielers meitsje sels út mei hoefolle minsken en hoe faak oft se op ’en paad geane: allinnich op oanfraach, in fêste middei yn ‘e moanne of 1 of 2 kear yn it jier.

Mear witte wolle of help nedich by it oanmelden?
Yn alle biblioteken yn Noard-Fryslân binne yn novimber ‘Leen een Fries’-sprekoeren.  Sneon 11 novimber bygelyks wie der ien yn Biblioteek Frjentsjer, tongersdei 16 novimber yn Biblioteek Dokkum (16.00-17.00 oere), tiisdei 21 novimber yn Biblioteek Bûtenpost (14.30-15.30 oere) en freed 24 novimber yn Biblioteek Sint-Anne (16.00-17.00 oere). Wa’t fragen hat oer ‘Leen een Fries’ of help nedich hat by it oanmelden op www.leeneenfries.nl kin dêr telâne. Alle data en tiden stean op ontdekdebieb.nl.

novimber 14, 2017 13:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*