Jord Althuizen wint publykspriis mei ‘Smokey Goodness 2’

novimber 14, 2017 17:32 Fernijd

Foto: Kosmos Uitgevers

De alfde edysje fan de Kookboek van het Jaar-ferkiezing belibbet in unikum. Foar it earst wint in auteur twa jier én twa kear efterinoar de ferkiezing: auteur Jord Althuizen, bekend as sjuerylid op RTL4’s Grillmasters en foodtrucker yn ieren en sinen.

Ferline jier wûn Smokey Goodness de Kookboek van het Jaar-faksjuerypriis. Dit jier hat in oerweldigjend tal stimmers foar de Gouden Garde-publykspriis, Smokey Goodness 2 útroppen ta publyksfavoryt fan 2017. De faksjuery skreau nei oanlieding fan de nominaasje oer it boek: “Knap dat Jord Althuizen ek yn syn twadde boek it hege nivo fan syn earste fêsthâlde koe en noch wit te ferrassen ek. Smokey Goodness 2 is lekker stoer en rûch, oant de cocktails ta.”

Smokey Goodness 2 is de opfolger fan de bestseller Smokey Goodness. Op 10 april 2018 ferskynt Smokey Goodness 3 – Het Bigger, Better BBQ Boek.

novimber 14, 2017 17:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*