Jeugd oan it Frysk damjen

novimber 14, 2017 10:20

Utslaggen damwedstryd begjinners, pupillen en jeugd 11 novimber 2017 yn ’e Gaastmar

De earste jeugdwedstryd fan it seizoen hie 14 dielnimmers. Dat hie wol minder kinnen (ek wol better), mar wat wol spitich wie, wie dat de dammers mar fan twa klubs kamen: Blauhús en De Gaastmar. En dan levere De Gaastmar ek nochris de jeugd, en Blauhús de pupillen …

Dit binne de útslaggen:
Begjinners
Jurre Jansen – Neeltsje Ykema: 1-0
Marcus Kroon – Wytse Wiegersma: 1-0
Wytse – Jurre: 0-1
Neeltsje – Marcus: 1-0
Jurre – Marcus: 0-1
Neeltsje – Wytse: 1-0
Fjirde priis foar Wytse (spitigernôch noch gjin punten), en Jurre, Neeltsje en Marcus moasten der noch eefkes om damje mei elk 2.
Neeltsje – Jurre: 0-1
Marcus – Neeltsje: 1-0
Marcus – Jurre: 1-0

Dus tredde priis foar Neeltsje, preemje foar Jurre en priis foar Marcus. By de begjinners sitte dúdlik nije talinten en sterke damgenen, dus dêr sit wer hoop yn foar de takomst. Tink om de oerwinning fan Neeltsje Ykema op Marcus Kroon (eins al gjin begjinner mear)! En Jurre Jansen en Wytse Wiegersma binne dúdlik dammers dy’t fan it begjin ôf leard hawwe wêr’t it spultsje om giet: earst goed útsjen, dan tinke, en dan pas skowe. In goeie styl, dêr’t wy grif noch net it lêste fan sjoen hawwe!

By de pupillen wiene dit de útslaggen:
Willem Kroon – Eelco de Wolff: kamp
Hidde Rypkema – Dietmer Oppedyk: 0-1
Dietmer – Willem: 0-1
Eelco – Hidde: 0-1
Willem – Hidde: 1-0
Eelco – Dietmer: 0-1

Dat joech in kreaze útslach: fjirde priis foar Eelco mei in heale punt, tredde foar Hidde mei 1 punt, preemje foar Dietmer mei 2 punten, en priis foar Willem mei 2½. De Kroanen binne dus oppermachtich, mar fersin jim net. Willem moast just tsjin Eelco in heal puntsje ynleverje, dus it leit hiel ticht byinoar!

Dan hjirby de jeugd, yndield yn twa groepkes fan trije, mar damjend yn ien pûl fan seis:
Feike Wiegersma – Sietse van Netten: 1-0
Herre-Klaas Ykema – Rauke de Hoop: 0-1
Rinse Zeilstra – Wiebren Ykema: 1-0
Rauke – Feike: 1-0
Herre-Klaas – Wiebren: 1-0
Rinse – Sietse: 0-1
Feike – Wiebren: 0-1
Rauke – Sietse: 1-0
Rinse – Herre-Klaas: 0-1

Dat betsjut yn it earste groepke tredde priis foar Sietse, preemje foar Feike (beide 1 punt; ûnderling risseltaat), priis foar Rauke (3 punten); yn it twadde groepke tredde priis foar Wiebren, preemje foar Rinse (beide 1 punt, ûnderling risseltaat) en priis foar Herre-Klaas (2 punten).

Nei ôfrin kaam de jeugd noch eefkes apart by my: “Wy meie graach damje, mar wy sjogge inoar ek al op ’e klubjûn. It moaie fan wedstriden is just, dat je guon fan oare klubs efter it boerd tsjinkomme.” Om yn it ear te knoopjen foar de folgjende kear, en miskien moatte wy ek wol nei in oar momint yn ’e wike ta foar de jeugd?

As lêste: alle riders, helpers en omkes wer tige betanke, en graach oant de folgjende kear!

novimber 14, 2017 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*