Jan Koster hâldt op as direkteur Omrop Fryslân

novimber 23, 2017 08:26

Jan Koster (foto: Omrop Fryslân)

Yn ’e maitiid fan 2018 nimt Jan Koster (63), nei in tsjinstferbân fan acht jier, ôfskied as direkteur fan Omrop Fryslân. Yn goed oerlis mei de Ried fan Kommissarissen is dêr mienskiplik ta besletten. De ôfrûne jierren hawwe benammen yn it teken stien fan de posisjonearring fan Omrop Fryslân yn it publike mediabestel. No’t de politike beslútfoarming oan in ein kommen is en der wer rêst op dat ûnderwerp is, sille de kommende jierren noch wer mear yn it teken stean fan de earder ynsette ûntwikkeling fan de eigen omrop.

It medialânskip sil yn heech tempo trochferoarje en dat hat konsekwinsjes fan likegoed programmatyske as organisatoaryske aard. Dêrtroch brekt der feitlik in nije faze oan by de Omrop; de Ried fan Kommissarissen en Jan Koster binne beide fan miening dat dat in goed momint is om it stokje oer te dragen.

Ton Baas, de foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen, jout oan it spitich mar begryplik te finen dat dizze stap no nommen wurdt. It is in natuerlik momint foar in feroaring nei de takomst ta. Hy seit Jan Koster tank foar syn ynset, de noflike gearwurking en de resultaten dy’t behelle binne.

novimber 23, 2017 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*