It iepenbier busferfier yn Fryslân is goed yn oarder

novimber 12, 2017 06:21

Kollum fan Ger Dyk

Skuorde ik in pear jier lyn noch troch stêd en lân mei in leasebak, tsjintwurdich reizgje ik faak mei it iepenbier ferfier troch ús heitelân. En dat foldocht my op himsels poerbêst. As studint yn de jierren tachtich hie ’k der in hekel oan, mar it is in stik nofliker wurden.

Ien ding foel my fuortendaliks op: de minsken sizze no meastentiids tank tsjin de bussjauffeur wannear’t se útstappe. Allinne as de bus grôtfol sit slagget it net, mar oars hearre je, yn alle farianten, soms skreauwend, in tankjewol nei de sjauffeur. En, útsein in inkelde lilkige sjauffeur, groetsje dy meastentiids wol werom. Iksels sis net tank mar oant sjen. It is harren wurk fansels om ús op in feilige wize fan A nei B te bringen.

Mei it ‘oanfoljend’ ferfier, de Opstapper, haw ik ek goede ûnderfiningen. Sa hie ik bygelyks in hurdrinrûntsje yn Tsjom, op in sneontemoarn. It is dan lykwols dreech om dêr te kommen, dat ik belle mei de Opstapper. Der stie in taksy klear yn Winsum doe’t ik dêr mei de bus oankaam. Dy sette my kreas ôf yn Tsjom. In healoere nei de finish stie deselde taksy klear om my werom nei Winsum te bringen. Tajûn, in Opstapper kostet € 2,50 de rit ekstra, mar de service is prima.

De busferfiermaatskippij yn Fryslân, Arriva, is drok dwaande deselde tsjinstferliening noch fierder te ferbetterjen. Dy hie omtrint in jier lang Fryske boeken te lêzen yn de bus. Foar de net-busreizger: de bussen hiene in soarte fan minybyb mei Fryske boeken oan board dy’t eltsenien pakke koe en lêze. En as je deryn oan it lêzen wiene en it in moai boek fûnen, dan koene je it gewoan meinimme. Fansels wol mei it idee om it de oare kear werom te lizzen.

It tema foar dizze aksje wie: Bus Fol Ferhalen. Op it stuit is der wer sa’n aksje: men kin in app downloade mei nijsgjirrige ynformaasje oer alle bysûndere plakken oan de busrûte.

It moaiste komt as lêste: de ynformaasje foar de busreizger stiet ek yn it Frysk op de ynformaasjepanielen yn de bus. Foaral foar de jongerein liket it my goed ta dat dy it Frysk tsjinkomt yn ’e bus. Troch de sichtberens fan it Frysk wurdt de status derfan ferhege en bliuwt it gewoan om de Fryske taal te brûken.

Nochal wat bedriuwen yn Fryslân, lykas de banken, kinne wat it brûken fan it Frysk yn de klantekontakten oangiet, oan Arriva in foarbyld nimme.

Dit is gjin slûkreklame. It is gewoan noflik reizigjen yn de bus.

novimber 12, 2017 06:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*