Ingelsk as de taal foar elkenien yn Nederlân

novimber 11, 2017 22:00

Henk Wolf

Troch: Henk Wolf

Yn Brussel wurdst yn ‘e winkel net altyd begrepen ast Nederlânsk praatst. Ik kin Fryske bewegers dy’t dat prima fine, út in soarte fan rankune wei: as dy Nederlânsktaligen hjir yn Fryslân sa lêbich oer it Frysk dogge, dan is it lekker puh foar de Nederlânsktaligen yn Brussel. Ik diel dy rankune net, ik tink dat de Nederlânsktaligen yn Brussel stipe fertsjinje.

Yn Fryslân is it Frysk wol in stik gewoaner as dat it Nederlânsk yn Brussel dat is. Doch haw ik de yndruk dat it Frysk folle minder gewoan wurden is yn it deistich libben as tweintich, tritich, fjirtich jier lyn. Dat muoit my.

Ingelsk yn Nederlân

Yn Grins soe men net in grut taalprobleem ferwachtsje. Ik die dat net, doe’t ik fiif jier lyn Fryslân ynruile foar de haadstêd fan Grinslân. Mar yn Grins haw ik al in pear kear meimakke dat de betsjinning yn restaurants en kafees Ingelsk prate en amper Nederlânsk ferstie. Of it wol ferstie, mar wol yn it Ingelsk begûn. Yn Amsterdam, Ieper en sels yn Ljouwert haw ik dat ek al in kear meimakke. Doe’t Jo Ritzen yn de jierren tachtich foarstelde om Ingelsk de fiertaal fan it heger ûnderwiis yn Nederlân te meitsjen, waard er ferhune en útlake. No hat er fierhinne syn sin krigen. Ferline wike krige ik in fersyk om in praatsje te hâlden op in kongres oer sintugen. Ik hie al ja sein en doe kaam noch it fersyk derachteroan om it wol yn it Ingelsk te dwaan. Omdat ik dat echt net fan doel wie, mocht it úteinlik ek yn it Nederlânsk, mar “dan is het niet voor iedereen te volgen”.

Niis seach ik in krantestik dêr’t yn stie dat taalkundige Cor van Bree argewaasje hie fan de omropberjochten yn in stedsbus yn Leien. Dy waarden allinne yn it Ingelsk dien. Neffens ferfiersmaatskippij Arriva waard dat dien foar “toeristen, expats en internationale studenten”. Twatalich koe net, dêr wie te min tiid foar, dat Ingelsk wie dan de logyske kar.

In bûtenlânske taal as taal foar elkenien

Frânsk prate yn Brussel kin ik soms noch wol ynskikke. It Frânsk is dêr al folle langer hiem en Brussel is fier fuort. Nederlânsk prate yn Ljouwert giet miskien net altyd fan herten, mar ik bin der sa stadichoan oan wend en tink der lang net mear altyd oer nei. Uteinlik praat ik sûnder muoite Nederlânsk en is dy taal my like dierber as it Frysk. Mar Ingelsk yn Nederlân, in bûtenlânske taal?

Der is wat oan it feroarjen. It Ingelsk wurdt omearme as wat eigens, it krijt in struktureel plak yn Nederlân – in plak dat earder foarbeholden wie oan it Nederlânsk. It makket dat ik my frjemde yn eigen lân fiel. Yn de taaldiskusjes yn Fryslân wurdt Nederlânsk gauris foarsteld as ‘de taal dy’t elkenien kin’. Ik bin beweger genôch om dernei te stribjen dat elkenien yn Fryslân it Frysk ek yn ‘e fingers hat, mar dat elkenien yn Nederlân it Nederlânsk kin of kinne moat om funksjonearje te kinnen wie foar my altyd fanselssprekkend. Dy fanselssprekkendheid ferdwynt. It Ingelsk wurdt no framed as ‘de taal dy’t elkenien wol behearsket’. Dat is net ienris wier: neffens in Eurobarometer-ûndersyk fan 2012 koe 90 persint fan de minsken yn Nederlân in petear yn Ingelsk fiere. Mar wat as wierheid foarsteld wurdt, kin fansels in wierheid wurde. Yn Lúksemburch is dat ek gebeurd. It Frânsk hat dêr yn it iepenbiere libben en yn offisjeel gebrûk de oerhân en it Lúksemburchsk wurdt beskôge as in taal dy’t de Lúksemburgers ûnderling prate, mar dêr’t de measten net fan ferwachtsje dat de Frânske, Portugeeske en Belgyske ynwenners dy fersteane.

Nederlânsk foar de ynboarlingen

It risiko fan dy framing is dat it Nederlânsk op deselde manier as it Frysk framed wurdt as ‘taal foar ûnderling gebrûk ûnder de ynboarlingen’. En it Ingelsk is gjin taal dêr’t ik wat mei ha. Ik ha dy taal op skoalle leard. Ik kin der wol in lêzing yn hâlde, kin in toerist it paad der wol yn wize en op fakânsje yn Ingelân kin ik myn boadskippen der wol yn dwaan. Ik lês der boeken yn en hear him yn films, mar ik tink der net yn. It Ingelsk is my net eigen, it is in frjemde taal foar my, ien út in oar lân. En al hoe graach oft ik myn talekennis útwreidzje, ik wol net dat in frjemde taal it Nederlânsk út it stee wrot.

Foar it earst begryp ik in bytsje hoe’t in Europeeske ‘Wutbürger’ him fielt. Ferfrjemde.

novimber 11, 2017 22:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Domkop novimber 12, 15:15

    Is der gjin Frysk wurd foar ‘framed’ te betinken?
    En kin ‘Wutbürger’ ek ferdúdlike wurde?

  2. Johannes novimber 12, 16:22

    Yn Ljouwert praat ik altiten Frysk. Faak binne de Ljouwerters dan bliid en kinne se wer Frysk prate.
    Spitigernôch Ingelske wurden brûke yn in Frysk ferhaal is net tûk.

  3. B novimber 14, 09:49

    Yn it lyts spilet him yn Fryslân in soartgelikens proses ôf tusken Frysk en Nederlânsk, en dat al iuwenlang. Opfallend is dat de trochsnee Hollanner der like ûnferskillich ûnder stiet as de Fries/zinne. It is miskien wolris goed dat de Hollanner no ek neitinke moat oer de posysje fan SYN taal. Hooplik sil it liede ta better begryp foar ÚS krewearjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*