Grytsje Kingma snein 12 novimber yn ‘de Fermanje’ te Damwâld

novimber 11, 2017 16:13

Grytsje Kingma naam yn 2008 it beslút om har hert te folgjen. Se begûn har passy foar sjongen te kombinearjen mei it skriuwen fan lietteksten yn de Fryske taal. Har teksten jouwe werkenning en stekke taalkundich knap yninoar. Sy wit mei har suvere sjongstim in gefoelige snaar te reitsjen, wêrby’t it Frysk de taal fan it hert sprekt.

Kommende snein 12 novimber jout se in solokonsert yn de Minniste tsjerke fan Damwêld, Doaniawei 34. It begjint om 15.30 oere.

Sy bringt in kompilaasje fan eigen wurk fan de ôfrûne jierren. ‘Doarp fan doe’, ‘By de see’ en noch mear werkenbere en gefoelige harklieten. En ‘De oade oan ‘e geranium’ sil grif ek net misse! Dêrneist binne der ek wat nijere ferskes: ‘It lûd fan stilte’ en ‘Wêr’tst ek bist’. Mei foto’s en teksten op de beamer wurdt it in sfearfol oanienslutend geheel.

De yntree is € 7,50 (ynkl. kofje/tee).​

Tagelyk is der gelegenheid om de karakteristike tsjerke ris better te besjen. In moai inisjatyf fan dizze tsjerke fan Damwâld om de doarren iepen te setten op sneintemiddei! Sjoch foar mear ynfo oer de tsjerke op: http://www.dgdamwoude.doopsgezind.nl

novimber 11, 2017 16:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*