Grutte demonstraasje foar frijlitting Katalaanske lieders

novimber 12, 2017 00:25

Yn Barcelona hawwe sneontejûn mear as 750 tûzen minsken meidien oan in demonstraasje foar de frijlitting fan de Katalaanske pommeranten dy’t fêstsitte foar harren dielname oan it ôfskiedingsproses. It giet ûnder oaren om ministers en hege plysjes.

Mei hûnderten bussen kamen de minsken sneon yn ‘e Katalaanske haadstêd oan. Op ‘e Carrer de la Marina foarmen hja in ûnbidige mannichte, dy’t de nije Spaanske hearskers oprôpen om de foaroanljuwe fan Kataloanië frij te litten

Ut België wei spriek presidint Carles Puigemont de demonstranten ta fia in grut fideoskerm. Puigdemont is nei de machtsoername nei Brussel ta flechte. Spanje hat om syn útlevering frege, mar justysje yn België hat besletten om Puigdemont ynearsten frij te litten. Hy moat wol yn België bliuwe. Puigdemont hat yn Flaanderen in abbekaat yn ‘e earm nommen.

novimber 12, 2017 00:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*