Fryske Rie op konferinsje yn Noardfryslân

novimber 6, 2017 08:48

Fiif leden fan de Fryske Rie wiene it ôfrûne wykein op it Dútske Waadeilân Amrum by in konferinsje oer it Noardfrysk yn Sleeswyk-Holstein. It Noardfrysk is in lytse taalminderheid fan sawat 10.000 minsken dy’t ek noch útienrinnende farianten prate, lykas it Oomrang – de taal fan Amrum –, it Ferring fan it eilân Föhr en it Mooringer Frasch fan ‘e fêste wâl.

Fryske Rie
De fjouwerjierlikse konferinsje ‘Tuhuupe aw Amrum’ moat liede ta in ‘Amrumer resolúsje’ en ek ta praktyske foarstellen dy’t foarlein wurde kinne oan it regear fan Sleeswyk-Holstein yn Kiel. Oan de konferinsje diene sa’n sechstich minsken mei. Dêr sieten ek sa’n fiif minsken út Fryslân yn Nederlân by, ûnder oanfiering fan Gelkje Schotanus fan de Fryske Rie. Dy organisaasje wol de gearwurking tusken ús Fryslân en Noardfryslân fierder útbouwe. Yn maaie takommend jier sil in groep Noardfriezen nei Ljouwert fytse yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd. Dy ekspedysje hat de namme ‘Tuhuupe luupe’.

Toaniel
Op de konferinsje waard fêststeld dat de Noardfryske minderheid it lang net min docht. Sa is ferline jier in Noardfrysk beropstoanielselskip oprjochte, dat stikken opfiert mei Dútse boppetitels. Fierder wurde de weiwizers yn Noardfryslân by de autodiken twatalich makke. De Noardfriezen wolle fierders graach mear omtinken by de publike omrop yn Dútslân en se wolle ek graach mear Noardfrysk op skoalle.

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 6, 2017 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.