Feie Fonyk: Fytse yn Parys

novimber 9, 2017 12:43

Der is op dit stuit in soad diskusje oer it fytsen yn de stêd. Bygelyks yn Amsterdam. It projekt mei de dielfytsen skynt al wer op it gat te lizzen. En dan hawwe wy it probleem fan de elektryske fyts, dêr’t âlden fan dagen as gekken mei troch de stêd fleane om mar te swijen fan it motorisearre ferkear op de fytspaden.

Alle jierren kom ik yn Parys. Tajûn, fytse lykas yn Fryslân kinst dêr net, mar it wurdt der net minder op. Sûnt in jier as wat binne der fytspaden troch de stêd. Sa is it no mooglik om feilich fan de Arc de Triomph nei de Place de la Nation te riden oer fytspaden dy’t neist de grutte bûlevaars lizze. Meist ek op de busbanen en ik moat sizze, de busbestjoerders binne foarsichtich.

Op in soad plakken kinst in fyts hiere fan it projekt Velib. Der is sels in moaie kaart útjûn foar fiif euro dêr’t alle strjitten fan Paris op steane mei de Velib plakken. Mei Parys bedoel ik fansels “Paris intra muros”, mei de Boulevard Périphérique as grins. Dy kaart is ek oan te rieden foar minsken dy’t in goede plattegrûn fan de stêd hawwe wolle. Kinst him krije op de grutte stasjons. Dy Velibfyts sjocht der goed út, kuorke, goed ljocht, sterk, mar it is gjin sukses: lekke bân, keatling derôf of de fyts is der hielendal net mear, yn de Seine smiten. Boppedat is it foar bûtenlanners betizend om wiis te wurden út it systeem. Unbegryplik dat net mear minsken fytse. De metro is yn ‘e spits grôtfol en waarm. Moarns yn de spits ride der 120 treinen yn de oere. Deis 750.000 minsken. Mar ast oerstappe moatst, kin it 750 meter rinnen betsjutte. Parys hat ek in stêd ûnder de grûn.

Unbegryplik dat net mear minsken fytse yn Parys.

De bussen kinne it op de drokste tiden amper oan, omdat der net oeral frije busbanen binne. Jou my as Fries dus mar de fyts. Myn lytse optearfyts dy’t ik meinaam nei Parys is in pear jier lyn stellen. Op in betide saterdeitemoarn hong allinne it slot der noch, skeind, net iepen krige. De dieven hawwe grif yn alle rêst midden yn ’e nacht it foartsjil út de fyts draaid en doe koe it freem der wol troch. Ik haw de hiele saterdeitemoarn op de “Prefecture de police” fan it 19e arrondissemint sitten om by de “Gardien de la paix” oanjefte te dwaan, omdat der in stikmannich minsken foar my wiene: in man mei in ferhaal dêr’t gjin ein oan kaam oer problemen yn syn strjitte, de polysje besocht him de doar út te krijen, mar hy hold oan, in man waans auto stellen wie en gean sa mar troch. Nei oardel oere mocht ik myn ferhaal dwaan foar in “Proces verbal” en in “Recepisse de declaration”, in oanklacht tsjin de dieder.

Ik haw myn ANWB-buzbike nea werom sjoen. Ik hoopje dat de dief dermei yn de Seine riden is en fersûpt, mar miskien wie it in clochard dy’t no eltse moarn op myn fyts nei it wurk kin oan de oare kant fan de stêd in sa in nij libben begûn is en de Heare tanket foar dizze fynst. Fan de fersekering krige ik wat werom. No brûk ik myn Dahon-tearfyts om troch de stêd te fytsen. Op de Place de la Bastille of de Place de la République is it útsjen, mar oant no ta hawwe se my net platriden. De measte auto’s yn it sintrum fan Parys ride stadich of steane ommers stil yn de file. O ja, hast fergetten, ik brûk no twa slotten, in keatling en in grut stielen bûgelslot en de fyts giet nachts mei nei de hotelkeamer.

novimber 9, 2017 12:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*