Feie Fonyk: Catalunya

novimber 30, 2017 14:35

Foto Wikipedia

Om te begjinnen: ik haw neat mei referinda. It betsjut dat komplekse problemen werombrocht wurde ta in ûnnoazele ja/nee fraach. “Mar Switserlân dan”, sille jo sizze, “der dogge se hast alle beslútfoarming mei referinda.” Dat mei wier wêze, mar de opkomst is meastal lyts en se hawwe pas yn 1971 stimrjocht foar froulju ynfierd. Soks seit my genôch oer dat lân. Ik kom der graach om te rinnen yn de bergen – Saas Grund in echte oanrieder –, mar kom my net oan mei praat oer it demokratysk gehalte fan Die Schweiz mei syn 37 soarten tsiis. Dat dan wol wer.

Wat ek net meihelpt om my te oertsjûgjen fan referinda, dat wie dat healwize referindum oer it assosjaasjeferdrach mei de Oekraïne. Neffens de lju dy’t it betochten, ûntlienden se de konklúzje dat de Nederlanners tsjin dat ferdrach wiene oan it feit dat mar(!) 17% fan de befolking tsjin stimde. De oaren koe it neat skele of wiene foar. Hoe dom kinne je wêze. En dan hawwe wy de Britten, dy’t op basis fan 51,9 % fan de útbrochte stimmen it beslút namen om út de EU te stappen. Referinda liede ta rampen. Jou my mar de Nederlânske demokrasy dêr’t, ja wis, nei lang eameljen en beried en in soad sjerpeftich oerlis in beslút nommen wurdt dêr’t eltsenien him min of mear yn fine kin.

No hiene wy dan dat referindum yn Catalunya oer it ja of nee fan in ûnôfhinklike steat. Goed 42% fan de befolking kaam begjin oktober nei de stimbus en dêrfan keas 90% foar ûnôfhinklikens fan Spanje. Oan ’e ein fan deselde moanne kaam it Katalaanske parlemint gear. Fan de 135 leden stimden 70 foar ôfskieding. De oaren wiene tsjin of stimden hielendal net. Goed te begripen as jo witte dat op basis fan de nije Spaanske grûnwet fan 1978 sa’n referindum alhiel gjin wetlike grûn hat. Op basis fan dy twiveleftige útslach fûn Carles Puigdemont, de presidint fan Kataloanië, it gaadlik om in ûnôfhinklike steat út te roppen. It is min fol te hâlden dat op sa’n wiffe basis sa’n fiergeand beslút nommen wurde moat. It betsjut dat hjir in tige ûnferstannige minderheid syn sin trochdriuwt.

By dy dyselde grûnwet fan 1978, de Constitución Española, waard fêstlein dat Spaansk de earste taal fan it lân is. Dêrneist krigen de ferskillende regio’s it rjocht om in twadde offisjele taal yn te fieren. Dêr hat Kataloanië gebrûk fan makke. Spaansk is de earste taal fan de measte Katalanen, mar by beslút fan it Katalaanske Parlemint út 1998 is yn it bestjoer, by de media en yn it ûnderwiis it Katalaansk de earste taal.

 Ofskieding fan Spanje makket gjin inkelde kâns, wêrom dan soks trochset?

It stribjen fan guon Katalanen kin begrepen wurden troch de skiednis. Tusken 1939 en 1975, de tiid dat diktator Franco de baas wie, krigen de regio’s gjin inkeld rjocht om de eigen taal te brûken. It gie yn Spanje om ien taal, ien folk en ien godstsjinst. Der komt by dat de hjoeddeiske baas fan Spanje, premier Mariano Rajoy, mei syn Partido Popular net handich operearre yn dy hiele saak. Hy hie ommers gewoan jierren lyn al prate kinnen oer mear autonomy foar de regio en dat referindum trochgean litte kinnen, sûnder der konklúzjes oan te ferbinen. Yn stee dêrfan stjoerde er de Guarda Civil, de militêre plysje, derop ôf mei as gefolch hûnderten ferwûne minsken.

Fan de EU is gjin inkelde stipe te ferwachtsjen foar it stribjen fan Puigdemont en konsorten, want wa wurdt de folgjende: Flaanderen, Veneto, Lombardije, Corsica, Silezië? De 28 EU lannen fan no binne al te folle. Yn Spanje sitte se net te wachtsjen op in Balkanisearring mei it útienfallen fan de steat yn Baskelân, Galicië, Valencia, de Baleraren en Asturië.

O(frûne moandeitejûn wie ik by de gearkomste dy’t Mercator mei it EBLT en de RUG yn Tryater organisearre oer Kataloanië. Foar Fryslân en de Fryske situaasje hie dy gearkomste neffens my gjin doel, mar it wie in slagge jûn, dêr’t Katalanen royaal de gelegenheid by krigen om harren stânpunt nei foaren te bringen. Studint Sybrand Grasdijk fan De Harkema wie yn Barcelona doe’t it referindum holden waard. Hy liet nijsgjirrige filmkes sjen. Oan ’e ein kaam de Katalaanske studint multiluingualism Guillem Belmar Viernes oan it wurd. Om te sitearjen: “The base is emotional.“ Dat waard dúdlik yn it filmke en by Viernes. Just sa’n emosjoneel en romantysk nasjonalisme fersmoarget de geast en liedt ta ûntrochtochte stappen.

Wat my ynnimt foar de Katalanen is dat se op 28 july 2010 de bollefjochterij ôfskaften. De Spaanske premier Rajoy is mei syn Partida Popular fan betinken dat je dat part fan it kulturele erfgoed fan Spanje net ôfskaffe kinne. Mei sokken as haad fan de steat, dy’t ek as in bolle reagearje op mear autonomy foar regio’s, binne allinne mar ûngelokken te ferwachtsjen.

Yn desimber ferskynt der gjin Feie. De folgjende op tongersdei 4 jannewaris.

 

.

novimber 30, 2017 14:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes novimber 30, 19:01

    Meie folken har ôfskiede? Jawis wol, mar dan moatte jo wol in folsleine mearderheid ha. Ik bin in mearderheid yn myn hûs. Kin ik dan myn eigen steat foarmje, ja dat kin. Dan moat ik myn eigen dyk hawwe, myn eigen smoargens ôffiere ensafuorthinne. Yn grutter ferbân mei-inoar libje sil wol moatte, Fryslân (eigen taal), Nederlân (eigen taal), Europa (gjin eigen taal, Ingelsk bygelyks), de Wrâld (gjin eigen taal, Sineesk, Spaansk, Ingelsk, Esperanto bygelyks. Ik soe wol wolle dat Fryslân in eigen lân wurdt, mar om alle Friezen mei te krijen, slagget no net en dizze ieu tink ek net. Mar ik bliuw dreame. En dreame is moaist wat der is. Oan it ein, fier nei myn dea sil it wêze mei myn mearke en wurdt it wier, giet it oan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*