‘Deltaplan’ tsjin geasear kommendewei

novimber 22, 2017 14:14

Tsientallen organisaasjes op it mêd fan lân- en túnbou, detailhannel, agro-yndustry, natuer- en miljeuorganisaasjes en wittenskip kamen yn Driebergen gear – politisy en sjoernalisten wienen net wolkom – om te praten oer hoe’t it biologysk ferskaat him wer ferhelje kin. Dat de soarterykdom o sa efterútbourket, wurdt langer rûnom sinjalearre, mar de drip dêr’t de amer okkerdeis troch oerstreamde, wie it resultaat fan ûndersyk yn Dútslân dat in ôfgryslike tebekgong fan it tal ynsekten oer de lêste desenniums sjen lit. Fangefolgen nimme oantallen fûgels ôf, trochdat dy net mear oan genôch fretten komme kinne. De oarsaak leit nei alle gedachten by de moderne lânbou dy’t mank giet mei ‘griene woastinen’, sûnder de blommewielde fan alearen en mei it algeduerigen tatsjinjen fan in protte bestridingsmiddels. Hieltyd mear minsken grize dêrfan en ‘lânskipspine’ waard troch lêzers fan It Nijs útroppen ta nijswurd fan 2016.

© freeimages.com

De organisator fan de gearkomst, it Netherlands Ecological Research Network, docht te witten dat achtjin lieders fan boppeneamde organisaasjes in feklearring tekene ha dêr’t se yn ûnthjitte om mei-elkoar in ‘Deltaplan Biosferskaatwerstel’ te meitsjen, dat foar ankom simmer klear wêze moat. Hans van der Werf fan de Frysk Miljeufederaasje wie, neffens deiblêd Trouw hjoed, o sa te sprekken oer de gearkomste: “It is hiel bysûnder dat de noed oer de efterútgong fan de biodiversiteit yn Nederlân sa breed droegen wurdt troch de lânbou, de detailhannel en de agro-yndústry.” Neffens him is it  de dielnimmers tinken en fyn in remeedzje tsjin it geasear. “It is net allinnich om ekology te rêden, mar it giet ek oer de wize fan jildfertsjinjen yn de natuer.” Yn dat ferbân wiist Van der Werf derop dat LTO-Nederlân allyksa konstruktyf meidie oan it debat. Foarsitter Mark Calon fan dy wichtige boere-organisaasje: “Wy jouwe ús derby. De tebekgong yn biodiversiteit is ek min foar de lânbou. We binne as sektor ôfhinklik fan ynsekter foar de bestowing fan gewaaksen. Wy sitte likegoed yn noed. ”

Klik hjir foar de ‘ferklearring fan Driebergen’: intentieverklaring deltaplan biodiversiteit

novimber 22, 2017 14:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Karel F. Gildemacher novimber 22, 17:20

    It duorre efkes ear’t ik trochIe dat “geasear” in ferfrysking fan “landschapspijn” wêze moat. Hâld dochs op mei soksoarte Frysk, protten Friezen wurde sa fan de taal ferfrjemde. Dêr komt by, lânskip is wat oars as gea en net elke pine is in sear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*