De woartels fan de Fryske Frijheid

novimber 11, 2017 10:46

Yn it ramt fan ‘Wolkom op ’e lêste tongersdei fan ’e moanne’ binne der op 30 novimber yn it Provinsjehûs dizze kear twa aktiviteiten: in lêzing mei de titel De woartels fan de Fryske Frijheid troch Gilles de Langen en Han Nijdam én de iepening fan in útstalling.

Segel fan Frentsjer, 1313. Râneskrift: Rex Karolus Frisones liberos facit, Kening Karel makket de Friezen frij”.

De lêzing
Yn 2016 en 2017 hawwe in tal sprekkers harren yn it ramt fan de Wolkomlêzingen bûgd oer it fenomeen fan de Fryske Frijheid. As ôfsluting dêrfan wie de ûntbleating fan in replika fan it privileezje fan roomsk-kening Sigismund út 1417 yn it Provinsjehûs op 28 septimber fan dit jier. Yn dat ferneamde privileezje befêstige Sigismund de frijheid fan de Friezen. Tradisjoneel wurdt it begjin fan de Fryske Frijheid, de autonomy fan de Fryske lannen tusken Flie en Weser, datearre op de 13e iuw.

Yn de lêzing oer de woartels fan de Fryske Frijheid beskôgje de beide sprekkers De Langen en Nijdam it ferskynsel fan de Friezen en harren frijheid de hiele perioade fan de midsiuwen troch. Hoe frij hawwe de Friezen sûnt harren komst nei de Fryske lannen yn de 5e iuw west? Hoe moatte wy dy frijheid opfetsje? Hoe hawwe de Friezen harren eigen posysje hieltyd besocht te bewarjen binnen it krêftefjild fan oan de iene kant de kultueren om de Noardsee hinne en oan de oare kant it Europeeske kontinint? Wannear begjint de Fryske Frijheid dus echt en wêr bestiet dy út?

In syktocht dus nei de dragers fan de Fryske Frijheid – wa wiene de Frije Friezen? – en syn uteringsfoarmen: rjocht, ekonomy, maatskippij, ideology. De sprekkers sille harren ferhaal begjinne yn sa likernôch it jier 500 en sa de longue durée fan de Fryske Frijheid sketse. Wat makket dat Fryslân hieltyd op syk wie nei syn eigen autonome posysje, mar wol ynbêde yn in grutter gehiel? Ofgeande op it ferline tinke de sprekkers dat de Friezen altyd stribbe hawwe nei in lykwicht tusken selsorganisaasje en it diel wêzen fan in grutter gehiel. It is dus typysk Frysk om oan De Haach te freegjen de leie wat losser te litten.

Oer de sprekkers
Prof. dr. Gilles de Langen wurket as archeolooch by de provinsje Fryslân, by de RUG as bysûnder heechlearaar archeology en by de Fryske Akademy as ûndersiker archeology. Dr. Han Nijdam is histoarikus en wurket as projektlieder Aldfrysk by de Fryske Akademy.

Iepening útstalling bylden
Yn de simmerfakânsje hawwe kliïnten fan de spesjalistyske opfangfoarsjenning fan Fier yn de Summerschool in workshop byldhouwen folge by Herma Bovenkerk. Dy workshop hawwe se fergees oanbean krige fan de eardere direkteur fan it Friesland College, Liesbeth Vos. De bylden dy’t se makke hawwe wurde tydlik útstald yn it Provinsjehûs.

Mei de útstalling wol Fier minsken ynformearje en ynspirearje oer it ûntwikkeljen fan talinten troch keunst en kultuer by jongelju dy’t yn de spesjalistyske opfangfoarsjenningen fan Fier sitte. By de iepening sille trije persoanen sprekke: Liesbeth Vos dy’t de workshop byldhouwen kado jûn hat, Herma Bovenkerk dy’t de workshop joech en Annemarie van Rijn, projektlieder fan de ôfdieling Participatie fan Fier.

Nei ôfrin fan de iepening kin de boppeneamde replika fan it Frijheidsprivileezje út 1417 ek besjoen wurde. It ynformaasjeboekje dêroer is dan ek fergees beskikber.

Plak en tiid
De lêzing is op tongersdei 30 novimber yn it Provinsjehûs, begjint om 12.30 en duorret omtrint in oere. De ynrin is tusken 12.00 en 12.30 oere. De lêzing is fergees en frij tagonklik foar elkenien, de fiertaal is Frysk en Nederlânsk. De iepening fan de tentoanstelling is fuort nei ôfrin fan de lêzing oer de Fryske skiednis.

Wolkom op’e lêste tongersdei fan ‘e moanne
It provinsjehûs iepenet elke lêste tongersdei fan ’e moanne de doarren foar it publyk. Dan wurde nijsgjirrige, leechdrompelige aktiviteiten yn ien fan de publyksromten fan it provinsjehûs organisearre. Soms troch de provinsje sels, soms troch ynwenners, mar altyd foar de ynwenners fan de provinsje.
In oersjoch fan alle Wolkom-aktiviteiten is te finen op www.fryslan.frl/wolkom.

novimber 11, 2017 10:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.