De Provinsje hat earder de fûgel oer it net fleane litten

novimber 13, 2017 23:50

Kollum fan Jabik van der Bij

Dat it Frysk yn it ûnderwiis der op de measte skoallen mar wat byhinget is algemien bekend. De Provinsje ûndersiket op it stuit hoe’t it lân der krekt hinne leit. Neffens it provinsjale webstee Taalplan Frysk bringt in team fan ûnderwiiskundigen ûnder mear yn kaart “hokke kearndoelen de skoallen foar it fak Frysk hellet, wat de taaleftergrûn fan de learlingen is en wat de ambysje fan de skoalle is. Dat wurdt objektyf yn in Taalplan Frysk foar de skoalle fêstlein.”

Dêr liket neat mis mei te wêzen, mar it hat in sturtsje, want “op grûn fan it yntsjinne Taalplan Frysk kriget de skoalle in beslút fan Deputearre Steaten mei in passend Taalplan Frysk-profyl. Oan skoallen dy’t alle kearndoelen helje wurdt in A-profyl takend. Oan skoallen dy’t op it stuit fan de skoalbesite noch net alle kearndoelen helje, wurdt in leger profyl takend.

Dat is frjemd: as in skoalle net alle kearndoelen hellet, dan wurdt de hân oer it hert strutsen en kriget er in leger profyl takend. As ferdúdliking wurdt der noch by sein: “Skoallen krije troch de tydlike takenning fan in Taalplan Frysk-profyl de kâns om stapke foar stapke it fak Frysk te ferbetterjen en oan alle kearndoelen te foldwaan.

Dat is in unike opstelling. Stel dat it rekkenûnderwiis sa oanpakt waard. De ynstânsje dy’t tafersjoch hâldt op it útfieren fan ’e wet soe konstatearje dat it net yn oarder is mei it rekkenûnderwiis yn in skoalle. Yn stee fan de skoalle ûnder kuratele te stellen soe him tydlik in leger rekkenprofyl takend wurde en koe er fierder syn gong gean yn ’e hoop dat it fansels “stapke foar stapke” better wurdt.

Hoe binne wy eins sa fersyld rekke yn dy frjemde situaasje? Wêrom jildt allinne foar it Frysk dat der ûntheffingen en parsjele ûntheffingen takend wurde kinne? Wêrom jilde net foar alle skoallen alle kearndoelen foar it Frysk? Der is al mear as hûndert jier striden foar better ûnderwiis yn it Frysk. Nei Kneppelfreed – ek al wer mear as 65 jier lyn – hawwe wy dochs Fan Geunst nei Rjocht yn ’e earms sletten? Sûnt de tachtiger jierren fan de foarige iuw is it Frysk dochs in ferplichte fak yn it ûnderwiis en kin it frij brûkt wurde as fier- en ynstruksjetaal? En hat it Nederlânske regear al net yn de njoggentiger jierren it Europeeske Hânfêst foar lytse- en minderheidstalen ûndertekene, dêr’t yn stiet dat yn Fryslân yn it ûnderwiis in “aanmerkelijk deel” oan it Frysk bestege wurde moat? Wêr stûket it?

De oarsaak is te finen by eardere provinsjebestjoeren. Doe’t de kearndoelen al wer mear as tsien jier lyn fêststeld waarden is ús deputearre dermei akkoart gien dat dy foar it Frysk net ien op ien parallel rûnen mei dy foar oare fakken. Ferlykje de kearndoelen Frysk mei dy foar it Nederlânsk, dan kin it Frysk ta mei seis, wylst it Nederlânsk tolve hat. Fierder hat it fak Frysk te krijen mei ekstra bepalingen. Dat binne de ûntheffingen, it ferplichte oerlis mei it “fjild” en it begryp draachflak, allegearre saken dy’t by oare fakken net spylje. De Provinsje kin skoallen ûntheffing jaan, folslein of foar in part (art. 9 lid 4 fan de Wet op it primêr ûnderwiis). Dêrfoar moat Deputearre Steaten earst oerlis hawwe mei it ûnderwiisfjild. In skoalle kin ûntheffing krije as der ûnfoldwaande draachflak foar it Frysk is. Untheffing wurdt ferliend oan de hiele skoalle (mesonivo). By oare fakken kin ûntheffing foar in fak ferliend wurde oan in bern (mikronivo). It bestjut dat de Frysktalige bern yn sa’n skoalle dan ek gjin Frysk krije. Der stiet oer it draachflak net by oft it giet om learkrêften, âlden of learlingen. Gjin inkeld skoalfak dêr’t sokke nuvere omballingen foar betocht binne. Ut de earste útkomsten fan it Taalplan Frysk is te sjen dat de skoallen tankber gebrûk meitsje fan de ûntheffingen. Boppedat hat it provinsjebestjoer no himsels de sjimpansee op ’e skouders lizze litten om wol of net ûntheffing te ferlienen. Desintralisaasje is hjir in oar wurd foar ôfskowen.

Soe de Provinsje wol akkoart gien wêze mei dy konstruksje as er witten hie wat de gefolgen wiene? De Ried fan de Fryske Beweging hat der yn it ferline beswier tsjin makke. Hawwe se har by de Provinsje mei al harren adviseurs ynpakke litten? De oplossing om derút te kommen leit yn it weromgripen op de kearnwurden út fan Geunst nei Rjocht: lykweardigens en lykberjochtiging. Der moat in nije bestjoersôfspraak komme oer de Fryske taal en kultuer tusken Ryk en Provinsje, omdat de âlde ferrûn is. Dat is foar it provinsjebestjoer dé kâns om dien wurk te meitsjen. De Provinsje sil derop stean moatte dat de ynkonsekwinte ferplichting fan it Frysk yn it ûnderwiis lyklutsen wurdt mei alle oare skoalfakken. Dat net alle bern op deselde wize de kearndoelen helje is gjin reden om se dan mar nei ûnderen by te stellen. Kearndoelen binne ommers bedoeld as beaken dêr’t men op oanfarre wol. Ferskillende einnivo’s troch in ûngelikense begjinsituaasje kin gjin reden wêze om dan mar in hiele skoalle ûntheffing te jaan. Dat wurdt by oare fakken ek net dien. It iene bern komt no ienris fierder as it oare. Wie passend ûnderwiis net krekt bedoeld om alle bern mei al har ferskillende bagaazje har gerak te jaan? No dan, fuort mei dy rare konstruksjes foar it Frysk yn skoalle. It provinsjebestjoer sil in fûst meitsje moatte om Frysk in folweardich en lykberjochtige skoalfak te meitsjen. Likefolle tiid foar it Frysk as foar it Hollânsk. Dat is lykweardich en lykberjochtiging. De wet sil derop oanpast wurde moatte. Dat hat foar oare saken ek nea in probleem west.

Nei it brief fan de nije minister foar ûnderwiis, Arie Slob, oan Dingtiid fan 9 novimber hoecht de hjitte jirpel net mear hinne en wer skood te wurden tusken Provinsje en Ryk (sjoch It Nijs fan 12 novimber: Minister Slob: Fryslân moat sels foar bettere Fryske lessen soargje). De minister seit dêryn: “de Rijksoverheid draagt bij aan het bevorderen van de positie van de Friese taal in het onderwijs, maar legt de concrete invulling van het Fries in het onderwijs niet van bovenaf op. Deze verantwoordelijkheid ligt bij de provincie Fryslân en bij scholen in Fryslân zelf.” Dat betsjut dat artikel 9 lid 6 yn de Wet op it primêr ûnderwiis, dêr’t yn stiet dat de minister einferantwurdlik is, ferfalle kin. Ik meitsje út it brief op dat de Provinsje folslein autonoom is yn it opstellen fan kearndoelen foar it Frysk yn de skoallen. Wurk oan ’e winkel foar de Twabaksmerk yn lyklûken fan de kearndoelen Frysk oan dy foar it Nederlânsk.

novimber 13, 2017 23:50
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. B novimber 14, 07:22

    Hèhè, einlings kleare taal!

  2. Abe de Vries novimber 14, 22:10

    Ik slút my by de sprekker oan.

  3. Friduwih Riemersma novimber 15, 17:18

    It is sels noch ienfâldiger is dat Van der Bij seit. Want net allinne leit de minister it foech oer en ferantwurdlikheid foar it ûnderwiis yn it Frysk by de provinsje Fryslân en giet er dus fierder yn de desintralisaasje + delegearjen fan it foech as de ûnderwiis wetten. En net allinne mei de lykweardigens en lykberjochtiging net weromdraaid wurde, op grûn fan hânfêst en ramtferdrach en is Frysk by de wet in ferplicht fak. Mar ek is in kearndoel (oars as dat Van der Bij seit) gjín prestaasjeferplichting. In kearndoel is in ynspanningsferplichting. De skoalle moat it fak óanbiede, oan álle learlingen. Om’t it om oanbieden giet is it nivo en de eftergrûn fan it skoalbern hielendal net nijsgjirrich: der is neat dat in bern beheint yn it ûntfangen fan in oanbod. Dus as skoallen mar gewoan goed Frysk jouwe (de prvinsje moat dan soargje foar genôch en goed personiel foar de klasse) dan dogge se it al geweldich. En hokker skoalle wol dat no net, soene jo sûnder synisme freegje wolle… Prima stik, Van der Bij!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*